Sjoernalist en Fries om utens fynt bysûnder plakboek oer prins Bernhard

09 des 2020 - 21:16

Sjoernalist Lammert de Bruin, oarspronklik fan Bûtenpost, kocht op in feiling in plakboek mei knipsels en foto's fan prins Bernhard út de jierren '50. Hy kaam it boek tsjin op syn syktocht nei de earste biografy fan de prins.

Foto: NOS

It seach der wol unyk út, mar der stienen net folle foto's op de feilingwebside, dus ik moast it wol wat op de gok keapje", fertelt Lammert de Bruin. "Juster kaam de post en ik foel hast fan de stoel." Hy seach fuort wol dat it orizjinele foto's wienen. De Bruin kocht it boek fan in antikêr yn Massachusetts.

"Dat is moai om yn hannen te hawwen"

"It boek stiet fol mei foto's, útnûgingen fan steatshaden en menu's fan diners. It moat wol fan ien west ha dy't ticht by prins Bernhard stie." Dat wie ek sa, it is gearstald troch luitenant Anton Elbers, adjudant fan de prins. "Hy gie oeral mei hinne en siet by allerhanne itentsjes. Der sit sels in aansichtkaart yn, skreaun troch de prins sels. Ut Kenia wei, mei twa noashoarns foarop. Dat is moai om yn hannen te hawwen."

Letter ferhuze Elbers nei de Feriene Steaten, dêr't er oant syn dea yn 2006 wenne. It is net bekend hoe't it plakboek by de antikêr kaam. De Bruin hat der 60 euro foar betelle.

Hy wol earst sjen wa't der krekt allegear op de foto's stean. "Ik bin al troch in útjouwer benadere om in boek te skriuwen."

Lammert de Bruin

(Advertinsje)
(Advertinsje)