FIDEO: Thúsakademy mei Adrie Warmenhoven fan it Eise Eisinga Planetarium

09 des 2020 - 22:55

Adrie Warmenhoven, direkteur fan it Eise Eisinga Planetarium, is de earste sprekker yn de rige Thúsakademy. Yn trije kolleezjes nimt Omrop Fryslân dy mei yn de wittenskiplike wrâld. Dizze kear stean de stjerren en planeten sintraal.

Yn de winterperioade kinst optimaal genietsje fan de stjerrehimel. It wurdt earder tsjuster, de nachten binne faak ek helder en der steane opfallende stjerren en stjerrebylden oan 'e himel. Wêrom sjogge wy yn 'e winter oare stjerren as yn 'e simmer? En wêrom feroaret de stjerrehimel ek yn de rin fan 'e nacht?

Op dy, en oare, fragen jout Adrie Warmenhoven yn it kolleezje antwurd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)