Hieltyd mear leechstân yn sintrum Dokkum

09 des 2020 - 20:21

Yn it sintrum fan Dokkum steane hieltyd mear winkels leech. Middenstanners hâlde op mei harren saak, om't se it finansjeel net mear rûn krije kinne. De hast ferdûbele krimp fan it tal winkels is in soarchlike ûntwikkeling, om't Dokkum krekt de ambysje hat om de meast noardlike Alvestêdestêd sa oantreklik mooglik te meitsjen foar ynwenners en toeristen.

"Dat corona syn ynfloed hat mei dúdlik wêze. Der binne middenstanners dy't it net mear bolwurkje kinne. Ek troch de taname fan de online ferkeapen ha ûndernimmers yn it winkelgebiet it dreech", seit ûndernimmer Peter Schregardus. Hy is ûndernimmer fan ferskate logistike bedriuwen en Dokkumer yn ieren en sinen.

"Fan jannewaris ôf komt der jild frij om ek gevels fan panden yn 'e binnenstêd op te knappen. Dat jout just kânsen om fan je gebou oan de bûtenkant wer in fisitekaartsje te meitsjen. Pot it jild net op mar doch der just yn dizze perioade wat mei", ropt Schregardus op.

"Yn Ljouwert en Grins ha je mear minsken dus potinsjeel ek mear klanten. Wy moatte just dy ekstra's biede dêr't besikers fan de Dokkumer binnenstêd in thúsgefoel fan krije. Pannen dy't der oan de bûtenkant kreas útsjogge en ekstra service dy't je yn 'e winkels krije. Dêrtroch kinne we just yn Dokkum ekstra toeristen oan ús bine."

Toeristen wisten Dokkum yn de simmer wol te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)