Ald-boargemaster It Amelân hat grutte soargen oer mooglik nije kontenerramp

09 des 2020 - 17:48

It is ûnbegryplik dat der net genôch dien wurdt om kontenerrampen foar te kommen. Dat fine de Waadferiening en de eardere boargemaster fan It Amelân Albert de Hoop. Beide sizze dat der no echt aksje komme moat.

Albert de Hoop - Foto: Omrop Fryslân

De volgende ramp zit er alweer aan te komen. We weten nog niet waar en wanneer, maar hij komt wel.

Ald-boargemaster Albert de Hoop fan It Amelân

Tiisdei kamen der berjochten nei bûten fan in mooglik nije kontenerramp yn de Noardsee. Sa'n 185 km boppe Skiermûntseach soene fan in skip mear as twahûndert konteners oerboard slein wêze. It is noch net dúdlik om hokker kontenerskip it giet. De Dútske kustwacht docht dêr ûndersyk nei.

De Hoop is net skrokken fan it nijs fan in mooglik nije ramp: "Het is heel vervelend dat ik dat elke keer moet zeggen, maar het gebeurt elke dag. De volgende ramp zit er ook alweer aan te komen. We weten alleen nog niet waar en wanneer, maar hij komt wel."

Net feilich

Der binne noch hieltyd ûndersiken oan de gong nei dizze kontenerrampen. Yn ien fan de ûndersyksrapporten wurdt skreaun dat grutte kontenerskippen net feilich binne by bepaalde waarsomstannichheden en dat de konteners net goed fêst sitte. Foar De Hoop is dat neat nijs. "Dat wisten we al een tijdje, ik weet dat al veertien jaar. Daar zijn ook al drie onderzoeken naar geweest."

De Hoop seit dat it regele wurde moat by de ynternasjonale maritime organisaasje (IMO) yn London. "Daar zitten ministers en een heel stel scheepvaartdeskundigen van over de hele wereld."

Albert de Hoop

De Hoop is in boargerinisjatyf begûn om omtinken foar de saak te krijen. Der wurdt hurd wurke oan in webside dêr't minsken in brief downloade kinne dy't se yn hiel Europa opstjoere kinne nei de IMO. "Het lijkt mij heel erg leuk als ze in Londen duizenden e-mails en brieven gaan ontvangen van burgers die zeggen: wij vinden dat dit nu een keer moet stoppen."

De Hoop tinkt net dat der fan de rampen leard wurdt, mar hy hopet wol dat de beliedsmakkers stappen sette om dit soarte fan rampen yn de takomst foar te kommen.

Trefwurden: 
Waadsee It Amelân konteners
(Advertinsje)
(Advertinsje)