Hoareka-ûndernimmers wiis mei ekstra stipe fan it Ryk, mar bliuwe kritysk

09 des 2020 - 17:47

In ekstra pakket fan 3,7 miljard euro foar bedriuwen dy't troffen binne troch corona: dat is op de parsekonferinsje fan Ekonomyske Saken presintearre. It moat romte jaan moat oan hoarekabedriuwen by wa't it wetter oan de lippen stiet. Sa krije swier troffen bedriuwen 70 prosint fan de fêste lêsten werom fia in subsydzje. Dat jild is wolkom, mar ûndernimmers bliuwe dochs kritysk.

Ekstra stipe foar hoareka

Rekkensom

"It is mar krekt hokker rekkensom je der op los litte," seit Timo Slump fan it Theehuis yn Grou. "We binne fansels wiis mei de stipe, lit dat helder wêze. Ek wol ik sizze dat we net corona ûnderskatte. We witte dat it bestiet. Dus snappe we dat der oplossings socht wurde moatte om corona tsjin te gean. Mar it moat foar ús wol wurkber bliuwe. It probleem is dat de omset rekkene wurdt en net sasear de fêste lêsten. We krije dus tweintich prosint derby, mar dat wurdt rekkene út de omset wei. We ha yn oktober iepen west, dus dy omset leit dan wat heger. Mar dat wie iepen mei beheiningen, krekt sa as no."

Slump ûnderbrekt syn ferhaal efkes om de keuken fan syn restaurant yn te rinnen. Syn personiel is drok oan it wurk om de take-away foar dizze krysttiid klear te meitsjen. "It hat in hiel min jier west," seit kok Anne Tjeerd de Jong wylst hy in panne mei satee riert. "De stipe is moai, mar it is net genôch tink ik."

Timo Slump fan Theehuis Grou - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

By in restaurant yn Grou draaie se noch troch

Aksjes fan 17 jannewaris

Foar de hoareka is it in ljocht oan de ein fan de tunnel, mar dy tunnel is noch wol tsjuster. Begjin dizze moanne brocht in tal hoarekasaken nei bûten dat se op 17 jannewaris dochs iepen wolle. Ton Eijer, dy't ien fan dy ûndernimmers is, folget it nijs fan de parsekonferinsje mei in dûbeld gefoel. "Mear stipe is fansels moai, lit dat dúdlik wêze. Mar ik fyn noch hieltyd dat by 100 prosint sluting, ek 100 prosint fergoede wurde moat. Minsken brekke no de reserves oan, mar dat kin net lang duorje. We ha ynkoarten in oerlis mei alle ûndernimmers fan de aksjegroep en dan sille we sjen oft it troch giet."

Ton Eijer fan hoareka Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ton Eijer fan hoareka Ljouwert oer de stipe

Trefwurden: 
hoareka stipe coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)