Rút fernield yn Snitser modelspoarmuseum; Baantjer Baan moat sloopt

09 des 2020 - 17:31

Fandalen hawwe in rút fan it Nationaal Modelspoor Museum yn Snits ynsmiten. It nije rút kin inkeld pleatst wurde as de 'Baantjer Baan' foar in grut part sloopt is. It nije glês wurdt jannewaris takom jier levere. Foar de sloop en weropbou is sa'n 5.000 euro nedich. It museum is dêr in crowdfund-aksje foar begûn.

Foto: Henk Bootsma

Mooglik is it rút fernield mei in flaggestok foar it museum. "Dat die als een speer tegen het raam is gegooid. Het is verschrikkelijk balen. Ik dacht dat het alleen maar ging om een glasplaat vervangen, maar dat is iets lastiger dan we dachten. Het moet vanuit binnen worden gerepareerd, en we zitten in een monumentaal pand, dus die Baantjer Baan moet aan de kant, anders kunnen ze er niet bij", seit Jan Willem van Beek, museumdirekteur.

It ûntromjen duorret nei alle gedachten in wike, mar it werompleatsen wol twa wiken. "Dan moeten we ook weer de bedrading aansluiten en hopen dat alles in oude staat terugkomt." Dêrfoar sil ek ekstern help nedich wêze. "We hebben wel de kunde in huis, maar door corona zitten veel vrijwilligers thuis."

De fersekerder sil it glês wol fergoedzje, mar it is ûnwis oft alle skea dutsen wurdt. De Baantjer Baan is yn 2016 iepene en boud mei materiaal krigen út de erfenis fan de yn 2010 stoarne auteur Appie Baantjer.

Jan Willem van Beek

(Advertinsje)
(Advertinsje)