GrienLinks: kampanje en kommunikaasje oer coronafaksin heart ek yn it Frysk

09 des 2020 - 17:04

De foarljochting en de oansteande kampanje oer it coronafaksin moat ek yn it Frysk beskikber wêze. Twadde Keamerlid Nevin Özütok fan GrienLinks frege woansdei minister Kajsa Ollongren fan Ynlânske Saken om hjir wurk fan te meitsjen. "Informatie over het vaccinatieprogramma dient zo toegankelijk mogelijk te gebeuren", sei de politika yn in plenêr debat oer de Fryske taal. Minister Ollongren sei har reaksje dat se it net ûniens is mei dy oprop, mar "het is uitendelijk wel de GGD Fryslân die daar keuzes in maakt".

GrienLinks; Campagne en communicatie over coronavaccin hoort ook in het Fries

It oardiel oer de moasje, dêr't nije wike oer stimd wurdt, lit de minister graach oan de Twadde Keamer oer. "Maar ik vind informatie in het Fries wezenlijk en wil die graag bevorderen, zeker als het over zo'n belangrijk onderwerp gaat."

Minister Ollongren reageart op de moasje fan GrienLinks foar Fryske kommunikaasje oer it coronavaccin

Minydebat: Frysk mear sichtber meitsje

Yn it minydebat oer it taalbelied Frysk waarden meiïnoar fiif moasjes yntsjinne. Harry van der Molen kaam mei mar leafst trije moasjes. Van der Molen fynt dat de Ryksoerheid wurkje moat oan de sichtberheid fan it Frysk, bygelyks troch Fryske buordsjes op gebouwen fan de Ryksoerheid, mar ek yn oerheidskommunikaasje dy't ornearre is foar it publyk yn Fryslân. Van der Molen fynt dat it Ryk oer de realisaasje hjirfan in aparte ôfspraak meitsje moatte soe mei de provinsje.

Ollongren beskôget de oprop fan Van der Molen en Aukje de Vries fan de VVD as 'steun' foar har belied. "We zijn bezig met een inventarisatie waar ze dit kunnen gaan doen." It giet dêrby ek om Fryske kantoaren fan oerheidsorganisaasjes, lykas de Meldkamer Noord-Nederland fan de plysje yn Drachten en útkearingsynstânsje UWV.

Tresoar

Ollongren wie minder wiis mei de moasje fan Van der Molen en De Vries oer Tresoar. Van der Molen fynt dat it Ryk him net weromlûke moat út de mienskiplike regeling 'Letterhoeke' fan Ryk en provinsje, fanwege de 'soarchplicht' foar de Fryske kultuer en literatuer. Neffens de minister binne Ryk en provinsje yn oerlis oer Tresoar. Se hat dêrom gjin ferlet fan in moasje dy't dêr trochhinne fytst.

'Friesland'

Twadde Keamerlid Aukje de Vries fan de VVD wiisde Ollongren der op dat se noch fierstente faak 'Friesland' tsjinkomt as namme fan de provinsje. De Vries fynt dat soks net kin, omdat de namme al yn 1997 offisjeel feroare is yn 'Fryslân'. De minister joech De Vries gelyk en sei ta dat se hjir de kommende tiid om tinke sil.

Rjochtbank

De Vries is ek fan betinken dat de rjochtbank de posysje fan it Frysk wol wat better regelje mei. Friezen hawwe op de rjochtbank yn prinsipe it rjocht om Frysk te praten, mar yn de praktyk kin fan dat rjocht lang net altyd gebrûk makke wurde. Minister Ollongren spruts har betrouwen út yn de krekt beneamde nije rjochtbankpresidint Fred van der Winkel. De minister wol mei him yn oerlis oer it Frysk. Yn tuskentiid wurde al mear tolken Frysk oplaat. Dat is hurd nedich, want op dit stuit is Fedde Dykstra út Wurdum de iennichste offisjeel beëdige rjochtbanktolk Frysk.

Minority Safepack

Harry van der Molen tsjinne ek in moasje yn oer it by de Europeeske Uny rinnende boargerinisjatyf Minority Safepack. Van der Molen wol dat, lykas de Dútske Bundestag en oare parleminten yn Europa, ek de Twadde Keamer dit inisjatyf stipet.

Minister Ollongren neamde dit foarstel fan de CDA'er 'ingewikkeld', omdat it Minority Safepack folle breder is as it 'taalbelied Frysk' "en dat weet de heer Van der Molen ook". Ollongren wol ien en oar earst oerlizze mei har kollega's fan Bûtenlânske Saken, foardat se mei in reaksje út namme fan it kabinet komt. Van der Molen is lykwols hastich. Hy wol foar nije wike tiisdei in reaksje, omdat dan de Europeeske Kommisje mei in offisjele reaksje op it boargerinisjatyf komt.

It doel fan Minority Safepack is dat ek de Europeeske Uny belied ûntwikkelet en maatregels nimt om alle taalminderheden yn Europa better te beskermjen en te befoarderjen op Europeesk nivo. It inisjatyf fan minderhede-organisaasje FUEN wurdt op dit stuit oan in soad parleminten foarlein. Nije wike moandei stimt it Europeesk Parlemint oer Minority Safepack, nije wike woansdei leit it inisjatyf as 'moasje frjemd' by Provinsjale Steaten.

Harkje nei de earste moasje fan Harry van der Molen

Twadde Keamerlid Nevin Özütok (GrienLinks) oer har moasje

(Advertinsje)
(Advertinsje)