Corona-útbraak ûnder soarchpersoniel yn covidhûs op It Hearrenfean

Der is in corona-útbraak ûnder soarchpersoniel yn soarchsintrum Anna Schotanus op It Hearrenfean. Dat is in soarchsintrum dat spesjaal ynrjochte is foar de opfang fan coronapasjinten. It covidhûs Anna Schotanus is fan Meriant, dat ûnder soarchgroep Alliade falt.
© Shutterstock
"Het gaat om tien besmette medewerkers, drie zijn alweer aan het werk en zeven zitten nog in thuisquarantaine", fertelt Matthijs Bergsma fan Alliade.
It is net dúdlik hoe't de meiwurkers besmet rekke binne. "Een deskundige infectiepreventie heeft meegekeken, de GGD ook, maar we kunnen niet achterhalen waar het vandaan komt."
It is ferfelend foar de wurknimmers, mar de kâns op besmetting wie, krekt as op oare plakken yn de soarch, wol oanwêzich. "We nemen alle beschermende maatregelen in acht. Extra maatregels zijn op dit moment niet nodig, we doen al het maximale. De continuïteit van de zorg was niet in het geding, er is voldoende personeel. De situatie is inmiddels onder controle."

140 minsken mei corona yn 2,5 moanne

Yn it Anna Schotanus binne sûnt 22 septimber sa'n 140 minsken mei corona opfongen. Op it stuit binne 20 bêden beset, der kin opskaald wurde nei 40.
Matthijs Bergsma fan Alliade