NS heft ticketloketten op, mar net yn Ljouwert

09 des 2020 - 15:55

De NS heft in soad kaartsjeloketten op stasjons op. Ljouwert is ien fan de fyftjin plakken yn Nederlân dêr't dat net bart. Plakken lykas Grins, Zwolle en Amersfoort ferlieze wol harren ticketloketten op de stasjons dy't ek tsjinje as servicebaly.

It stasjon fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Hieltyd mear reizgers keapje online in treinkaartsje. Ferline jier waard hast ien op de trije kaartsjes kocht yn de app of op de webside fan de NS. It tal stastjons dêr't reizgers help krije kinne troch sels te beljen of by in servicepunt op it stasjon is wol tanaam: fan 237 nei 253.

Op in tal plakken fynt de NS it wichtich om in fêste baly te hâlden. Dat hinget ôf fan hoefolle reizgers oft oerstappe en watfoar reizgers it binne, bygelyks toeristen. Servicetsjinsten lykas help foar minsken mei in beheining, de OV-fyts en de stasjonshúskeamers bliuwe wol bestean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)