RIVM: Ofrûne etmiel 135 nije coronabesmettings

09 des 2020 - 14:21

Der binne de ôfrûne 24 oeren 135 nije coronabesmettings by kaam. Dat meldt it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM). Dat binne der alve mear as tiisdei, doe wiene it der 124.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettings waarden fêststeld yn Súdwest-Fryslân (27), Ljouwert (17), De Fryske Marren (12) en Noardeast-Fryslân (12).

Yn de gemeente Opsterlân is de ôfrûne 24 oeren ien persoan opnaam yn it sikehûs. Der is it ôfrûne etmiel gjinien ferstoarn oan it coronafirus.

Lanlik binne der 6.589 coronabesmettings by kaam, 421 mear as tiisdei. Tiisdei naam it oantal noch mei 944 ôf. Lanlik lizze der 1.684 coronapasjinten yn it sikehûs. Dêrfan lizze der 473 op de intensive care, in stiging fan njoggen yn ferliking mei de dei derfoar.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)