Ald-steateleden Forum voor Democratie moatte op syk nei nije namme

09 des 2020 - 14:12

De FNP is lilk oer de nije namme dy't de ôfsplitste Fryske steateleden fan Forum voor Democratie tiisdei keazen hat. Dy namme is - ôfkoarte - OSF en ûnder dy namme hat de FNP mei oare partijen al jierren in sit yn de Earste Keamer.

Yn it presidium sieten Maarten Goudzwaard (op 'e rêch sjoen) en Sijbe Knol rjocht foar inoar oer - Foto: Omrop Fryslân

De saak waard troch FNP'er Sijbe Knol oan 'e oarder steld yn it presidium fan Provinsjale Steaten. Maarten Goudzwaard, de fraksjefoarsitter fan foarhinne FvD-Fryslân, woe der lykwols allinnich achter sletten doarren oer prate.

Net samar fan namme feroarje

Ek is it sa dat in partij yn in sittingsperioade net samar fan namme feroarje mei. Minsken dy't út in partij stappe, geane ornaris fierder as 'fraksje+achternamme' of 'groep+achternamme'.

Goudzwaard waard woansdei troch syn kollega-fraksjefoarsitters en de kommissaris fan de Kening Arno Brok mei dy regels konfrontearre. Op de gearkomte is ôfpraat dat Goudzwaard ien en oar de kommende wike rêstich mei syn fiif fraksjegenoaten beprate sil. Op de steategearkomste fan 16 desimber moat definityf dúdlik wurde ûnder hokker namme Goudzwaard en de fiif oaren de kommende tiid oansprutsen wurde yn de Fryske polityk.

"Telefoan ûntplofte, safolle klachten"

Neffens fraksjefoarsitter Sijbe Knol 'ûntplofte syn telefoan' doe't er woansdeitemoarn klachten ûntfong fan FNP-oanhingers oer de troch de âld-Forummers keazen namme OSF. "Dat jout betizing en dat kin net, want der binne grutte politike ferskillen tusken de âld-Forummers en wy. Ik gun harren echt wol in nije start nei alles wat der bard is, mar dan wol ûnder in oare namme."

Neidat Knol en Goudzwaard inoar troffen op it provinsjehûs wie de aldergrutste spanning út de loft. Knol: "Ik ha de yndruk dat se de namme yn sân hasten keazen hawwe sûnder der goed oer nei te tinken. As se ferstannich binne, stappe se der gau wer fanôf."

Mooglik rjochtsaak

Yn it gefal dat Goudzwaard-en-dy dochs fêsthâlde oan de namme OSF slút Sijbe Knol net út dat de al folle langer besteande en registrearre Onafhankelijke Senaatsfractie OSF nei de rjochter stapt.

Achter sletten doarren

Maarten Goudzwaard woe woansdei sels net mei de parse prate. Ynformaasje oer alle stoarmeftige ûntwikkelingen by syn partij woe er allinnich mar achter sletten doarren mei syn kollega-steateleden diele.

Fraksjefoarsitter Hetty Janssen fan de PvdA fûn dat mar apart: "Als er één partij gestreden heeft tegen besloten vergaderingen en achterkamertjes dan is het wel de club van Maarten Goudzwaard. Als je daar in principe tegen bent, moet je nu ook openbaar vergaderen."

Kommissaris fan de Kening Arno Brok toande begrip foar alle emoasjes dy't anneks binne mei alles wat him by Forum voor Democratie foardien hat. "As it oer minsken giet, fergaderje we altyd achter sletten doarren. Dit giet ek oer minsken."

"Frisse start, mar net as OSF"

Knol hat woansdeitemoarn mei de foarsitter fan de Onafhankelijke Senaatscommissie praat oer de kwestje. Mooglik giet der noch in brief nei de Forumminsken ta, mar Knol hat goed hoop dat it safier net hoecht te kommen.

"Dizze minsken hawwe hiel wat meimakke. Wy gunne elkenien in frisse start, mar net ûnder de namme OSF."

Knol: Wy wolle dat dy namme fan tafel giet...

Ferslachjouwer Onno Falkena wie by de Presidiumgearkomste

(Advertinsje)
(Advertinsje)