Omrop TIP: ‘Stralen in het donker’ mei Adrie Warmenhoven yn de Thúsakademy

09 des 2020 - 14:04

Omrop Fryslân set woansdei 9 desimber útein mei Thúsakademy. Yn trije kolleezjes nimt Omrop Fryslân dy mei yn de wittenskiplike wrâld fan ûnder oare tsjustere teoryen en iuwenâlde winterfeesten. Jûn stean de stjerren en planeten sintraal, mei Adrie Warmenhoven, direkteur fan it Eise Eisinga Planetarium, as sprekker.

Trailer Thúsakademy

Yn de winterperioade kinst optimaal genietsje fan de stjerrehimel. It wurdt earder tsjuster, de nachten binne faak ek helder en der steane opfallende stjerren en stjerrebylden oan 'e himel. Sa is Orion te sjen, lykas it stjerrebyld fan de Bolle en Twilling. Mar wêrom sjogge wy yn 'e winter oare stjerren as yn 'e simmer? En wêrom feroaret de stjerrehimel ek yn de rin fan 'e nacht?

Foto: Omrop Fryslân

Kolleezje

Op dy en oare fragen jout Adrie Warmenhoven, yn it kolleezje antwurd. Dêrby wurdt de stjerrehimel fan desimber moai yn byld brocht en wurde de wichtichste stjerren en stjerrebylden toand.

De jûn wurdt ôfsletten mei in tapaslik ûnderwerp foar dizze tiid fan it jier, de Stjer fan Betlehim. Yn de Bibel lêze wy oer in heldere stjer, dy't de Trije Wizen út it Easten de wei nei Betlehim wiisde. Wat hawwe de wizen sjoen? Wie it in echte stjer of stie der wat oars oan de skitterjende himel?

Thúsakademy Stralen in het donker is woansdei 9 desimber om 20.30 oere live op de telefyzje.

De oare binne:

16 desimber: dr. Sytze Ypma mei 'Dolen in het donker' oer it komplottinken yn tiden fan krisis, want eltsenien reagearret dêr oars op.
23 desimber; em. prof. dr. Rolf Bremmer oer 'Feesten in het donker' oer de mienskiplike dieler fan feesten mei in ferskaat oan histoaryske eftergrûnen

Hasto in fraach oer de ynhâld fan it kolleezje, of wolst reagearje? Dat kin! Stjoer dyn fraach yn it kolleezje troch nei 06 - 82 87 10 98. Dan besiket Bart Kingma, gasthear fan de jûn, antwurd te krijen op dyn fraach.

(Advertinsje)
(Advertinsje)