Lemster Krijgerplein krijt oare namme fanwegen oarlochsferline boargemaster

09 des 2020 - 13:21

It Boargemaster Krijgerplein op 'e Lemmer krijt mei yngong fan 1 maaie 2021 in oare namme. It plein sil tenei 'Markt' hjitte. It kolleezje fan De Fryske Marren hat dêrta besletten nei't der opskuor ûntstie om't de boargemaster nei wa't it plein ferneamd is yn de Twadde Wrâldoarloch 'ferwytber hannele' hawwe soe. Ut ûndersyk fan it Nederlands Instituut voor Oorlogsdocumentatie (NIOD) docht no yndie bliken dat Marinus Krijger net fan 'onbesproken gedrag' wie.

Lemster Krijgerplein krijt oare namme fanwegen oarlochsferline boargemaster

Yn it ferline binne der meardere kearen inisjativen ûndernommen om de namme fan de eardere boargemaster fan it plein te heljen. De yn de jierren '50 by in ferkearsûngelok yn Follegea ferstoarne Marinus Krijger soe yn de oarloch 'ferwytber hannele' ha. De tsjinstân tsjin de namme fan it plein waard de ôfrûne tiid hieltyd grutter: in petysje om de namme te feroarjen waard seishûndert kearen ûndertekene.

Foto: Google Maps

De gemeente liet dêrom it NIOD, it Nederlands Instituut voor Oorlogsdocumentatie, ûndersyk dwaan nei it ferline fan Krijger. Konklúzje fan it NIOD is dat Krijger yn de oarloch net fan 'onbesproken gedrag' wie.

It NIOD hechtet yn syn advys grut belang oan de feroardieling fan Krijger yn 1947, yn kassaasje befêstige yn 1948. Krijger krige in finzenisstraf fan seis moannen ûnder betingst oplein, mei in proeftiid fan in jier foar syn ferantwurdlikens foar de arrestaasje fan seis Joadske ûnderdûkers. It NIOD lit dy feroardieling dúdliker swierder wage as de suveringsproseduere.

Yn de arbeidsrjochtlike suveringsproseduere binne de measte fan de ynbrochte beskuldigings tsjin Krijger ûnbegrûne ferklearre. Op basis fan de advizen yn dizze suveringsproseduere besleat de minister fan Ynlânske Saken doedestiids dat Krijger oanbliuwe koe as boargemaster fan Lemsterlân.

It NIOD wiist derop dat ynstânsjes dy't har mei de suvering dwaande holden net tarist wiene op juridysk ûndersyk. Dêrom fynt it NIOD dat it feit dat Krijger as boargemaster yn it ramt fan de bysûndere rjochtspleging in feroardieling krigen hat swier wage moatte soe.

Foto: Omrop Fryslân

Inisjatyfnimmer Hendrik Bootsma fan de yntekenlist foar de nammeferoaring fertelt hoe't se op it idee kamen: "Wy krigen stikken yn hannen dat de boargemaster fout wie yn de oarloch." Se hawwe it ferskate kearen besocht. Dat se it no wol foarinoar krige hawwe, komt trochdat it NIOD de saak ûndersocht hat. Dy kaam mei in oardiel op grûn wêrfan't de gemeente De Fryske Marren ta de nammeferoaring oergean woe.

De namme Markt is keazen omdat it plein foarhinne ek sa hiet, fertelt wethâlder Roel de Jong. Boppedat waard dy namme yn de petysje it faakst neamd as alternatyf.

De nije namme giet op 1 maaie yn. Yn de polityk gean stimmen op om it earder te dwaan, mei de befrijing fan De Lemmer op 17 april, mar it is noch lang net wis oft dat wol kin, seit wethâlder De Jong. De minsken dy't oan it plein wenje moatte ek de tiid hawwe adreswizigings troch te jaan. Bootsma makket de datum net safolle út: "Ik bin allang bliid dat it plein syn âlde namme wer kriget."

Inisjatyfnimmer Hendrik Bootsma fan de petysje en wethâlder Roel de Jong

(Advertinsje)
(Advertinsje)