Coronabreak docht Jasper Bouma besluten op te hâlden by Bûtenpost

Haadtrainer Jasper Bouma hâldt nei dit seizoen op as trainer fan VV Bûtenpost. It bestjoer en de spilers woene graach mei Bouma fierder, mar hy hat sels besletten syn kontrakt net te ferlingjen by de haadklasser. De twadde coronabreak dat der net spile wurdt hat him oan it twiveljen brocht.
© Omrop Fryslân
Trochdat it fuotbal no foar de twadde kear stilleit, hat Bouma der minder nocht yn om trainer te wêzen. "Myn motivaasje is behoarlik weromrûn. It fuotbaljen wurdt fan ús ôfpakt en dêr haw ik wol muoite mei."
Dêrnjonken wurdt Bouma heit en ek om dy reden hat er besluten op te hâlden. It is syn twadde jier as haadtrainer fan de 'Blaukes'. VV Bûtenpost stiet dit seizoen op it fjirtjinde plak yn de haadklasse. De klup sil op syk nei in nije trainer foar folgjend seizoen.
Fryske topsport mei wer los: "Dit is in positive ferrassing foar ús"