Mario Diks flagget by restant PSG - Istanbul Başakşehir

09 des 2020 - 13:12

De Ljouwerter assistint-skiedsrjochter Mario Diks stiet woansdeitejûn lâns de line by it restant fan de Champions League-wedstriid tusken Paris Saint-Germain en Istanbul Basaksehir. Dy wedstriid waard tiisdeitejûn stillein nei't de fjirde official in rasistyske opmerking makke ha soe tsjin Pierre Webó, assistint-trainer by de Turkske klup.

Mario Diks - Foto: www.orange-pictures.nl

Beide klups stapten dêrnei fan it fjild. De UEFA docht ûndersyk nei wat der krekt bard is. Foar woansdeitejûn hat de UEFA fjouwer nije arbiters oanwiisd, ûnder wa dus Mario Diks. Hy assistearret skiedsrjochter Danny Makkelie. De oare assistint-skiedsrjochter is de Poal Marcin Boniek. Bartosz Frankowski, ek út Poalen, is de nije fjirde official.

(Advertinsje)
(Advertinsje)