Fryske topsport mei wer los: "Dit is in positive ferrassing foar ús"

09 des 2020 - 16:55

De topsport krige tiisdei, krekt nei de parsekonferinsje fan premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge, goed nijs te hearren. Op de webside fan de oerheid stie de meidieling dat fan 17 desimber ôf de topsport yn ferskate kompetysjes wer opstart wurde kin.

Fryske topsport mei wer los: "Dit is in positive ferrassing foar ús"

Neffens it berjocht giet it om 'een selecte groep van ongeveer 1000 voetballers en ongeveer 5000 topsporters uit overige sporten.' Dat betsjut dat ek yn Fryslân de topsport wer wat mear romte krijt.

Kuorballers LDODK: "It plan leit klear"

Foarsitter Gouke de Vries fan de kuorballers fan LDODK is út de skroeven. "Dit is in hiel positive ferrassing. Hjir binne we tige bliid mei. It is fansels kloate foar sporters dy't noch net los kinne, mar yn dit gefal sjogge wy earst even nei ússels. En foar de minsken thús is der aanst wer wat ferskaat oan sport te folgjen, yn stee fan allinnich mar fuotbal en reedriden."

Foar LDODK betsjut it dat se fan healwei desimber ôf de groepstraining wer oppakke. Yn jannewaris wurdt dêrnei úteinset mei twa pûls, om't it spyljen fan in folsleine kompetysje logistyk net mear helber is.

IIshockey: "Hat it noch wol sin?"

"It is fansels hartstikke leuk dat we wer los meie, mar ik freegje my wol ôf oft it noch wol nut hat?" Foarsitter Henk Hoekstra fan de iishockyers fan de UNIS Flyers is benijd oft der noch wol iishockeyd wurde kin dit jier.

"Sjoch, de BeNe League mei Belgyske klups wie earder al ôfsein. Yn België is it ek noch slimmer as hjir mei it coronafirus. Dus no moatte wy mei de fiif oare Nederlânske klups om tafel om te sjen oft der noch wat fan it seizoen te meitsjen is. Dêrby wolle wy ek wol witte wat de betingsten binne om los te gean. Moatte wy de hiele seleksje teste litte bygelyks foar elke wedstriid?"

Basketballers Aris: "We hebben nu weer perspectief"

Foar de basketballers fan Aris wie it tiisdei in spannende dei.

"We kregen in de loop van de dag te horen dat er wel eens goed nieuws aan kon komen. Maar in de persconferentie werd er niets over gezegd. Gelukkig verscheen toch het bericht op de site van de rijksoverheid", sa seit Sierd Dijkman fan de Ljouwerter basketballers.

Foto: Omrop Fryslân

"We hebben nu weer perspectief dat we kunnen starten. Daar zijn we blij mee. Zaterdag is er overleg met alle twaalf clubs uit de competitie, en het belangrijkste is dat we daarna weten wanneer we starten en hoe we gaan spelen."

Neffens Dijkman soe de basketbalkompetysje ein jannewaris begjinne kinne. De foarkar yn Ljouwert giet út nei 22 wedstriden, tsjin elke tsjinstanner in kear út en in kear thús.

Sealfuotbalfroulju: "Als dit klopt, is het mooi nieuws"

Neffens wurdfierder Tom Elbersen fan it Ministerie fan Folkssûnens en Sport kinne ek de sealfuotbalfroulju op it heechste nivo wer los fan takom wike ôf. Dat soe betsjutte dat yn Fryslân Drachtster Boys en Libertas wer begjinne kinne.

Cor Kramp fan Drachtster Boys is noch foarsichtich. "Als wij los mogen, is dat een positieve verrassing. Maar zelfs dan moet dit besluit ook nog bekrachtigd worden door de Tweede Kamer. Twee weken geleden hebben we nog een overleg gehad met alle clubs en de KNVB. Het is mogelijk om de volledige competitie nog uit te spelen, maar het bekertoernooi vervalt dan wel."

Harkemase Boys: "Dûbeld gefoel"

It fuotbal út de twadde en tredde difyzje falt net ûnder de sporten dy't wer los gean fan heal desimber ôf, befestiget wurdfierder Tom Elbersen fan it Ministearje fan Folkssûnens en Sport. Dat fielt dûbeld, seit foarsitter Sippe Heeringa fan de Harkemase Boys:

"It is krekt as mei de hoareka. Der kin net sein wurde dat wy ferantwurdlik binne foar in stiging fan de besmettingen, mar dochs bliuwe wy op slot sitten. Dat is net leuk."

Ek de meidieling fan premier Rutte, dat der fan jannewaris ôf sjoen wurdt oft de leeftiid wêrop't fuotballers mei-inoar traine meie omheech giet nei 27 jier, waard op De Bosk net entûsjast ûntfongen. "Dat fyn ik sa'n rare kreet. Moat ik dan spilers fan 28 wegerje? As je soks sizze, witte je it gewoan even net, neffens my."

Maratonreedriden: "Wy fine dat we der ek by hearre"

De maratonriders wurde op de website fan it ministearje net neamd by de sporters dy't wer los kinne. Dêr is wurdfierder Willem Hut fan it reedrydbûn KNSB bot oer fernuvere:

"Wy fine dit hiel spitich. Wy fine dat we der ek by hearre. Hokker kritearia binne hjir brûkt? Dat wolle wy no graach witte."

It NK maraton, dat op 1 jannewaris op it programma stiet, wurdt dochs al nei achteren skood. "Wy binne fansels wol wend om te wachtsjen, bygelyks as it giet om natoeriis. Mar wy freegje ús yntusken ek wol ôf wat der noch oerbliuwt. Ferline jier hiene wy de finale fan it seizoen ein febrewaris yn Ljouwert. Dat kinne wy in moanne oprekke, mar mear ek net."

Follybalfroulju: "Een kwestie van wedstrijdfit worden"

Neffens Erik Drenth fan VC Snits ha de follybalfroulju nocht oan it wer oppakken fan de kompetysje. "Je zit op volleybal om wedstrijden te spelen. Dus in die zin hebben we er zin in. Maar we zijn wel benieuwd onder welke voorwaarden we nu de training en de wedstrijden kunnen hervatten."

Drenth wol bygelyks witte oft it betsjut dat se no alle wiken in ferplichte coronatest krije of net, lykas by it proffuotbal. "We hebben heel goed contact met de bond (NeVoBo), dus we wachten heel even af wat die gaan doen. Maar daarna gaan we de boel zo snel mogelijk inregelen. We hebben nog geen startdatum voor de competitie, maar we hebben in kleine groepjes doorgetraind, dus het is in feite een kwestie van wedstrijdfit worden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)