Dútske kustwacht ûndersiket oerboard sleine konteners; Waadferiening yn noed

De Nederlânske Kustwacht hat kontakt hân mei de Dútske kollega's oer berjochten dat in skip op de Noardsee boppe Skiermûntseach konteners ferlern hat. De konteners soene 100 myl, sa'n 185 kilometer, boppe it Waadeilân yn it Dútske part fan de Noardsee bedarre wêze. De Dútske kustwacht docht op it stuit ûndersyk
Dútske kustwacht ûndersiket oerboard sleine konteners; Waadferiening yn noed
De Dútske kustwacht yn Cuxhaven fiert mei ûnder mear in sonarboat ûndersyk út op it plak dêr't de konteners oerboard slein wêze soene en ferwachtet woansdeitejûn mei mear ynformaasje te kommen. Se warskôgje it Dútske skipfeartferkear oer de marifoan foar mooglike konteners yn it wetter.
Mear details hat de Nederlânske Kustwacht net. Dy folget de ûntwikkelings en seit dat eventuele ferfolchaksjes en ûndersyk by de Dútske kollega's lizze.

Maersk

It soe gean om in skip fan reder Maersk. De Maersk Munich wie tusken 30 novimber en 4 desimber ûnderweis fan Bremerhaven yn Dútslân nei Göteborg yn Sweden. De reder sels seit dat der by harren neat bekend is oer in skip fan harren dat konteners ferlern hawwe soe. In wurdfierder fan Maersk seit dat se ûndersyk dogge yn gearwurking mei de Dútske autoriteiten.
© Shutterstock

Waadferiening

De Waadferiening neamt it 'ferûntrêstend' dat der wer konteners oerboard slein wêze soene op de Noardsee. Dat barde earder al yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019. Doe ferlear de MSC Zoe, ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld, 342 konteners boppe de Waadeilannen. "Containers op zee zijn altijd gevaarlijk voor andere schepen. Die kunnen erop varen, met alle gevolgen van dien", seit Ellen Kuipers fan de Waadferiening.
Der komme lykwols ek berjochten by har binnen dat de konteners al op 3 desimber oerboard slein wêze soene. "Het vermoeden bestond dat het al veel eerder was gebeurd, maar dat het niet gemeld was. Het is totaal onduidelijk en dat maakt het heel gevaarlijk", seit Kuipers.

Meldplicht

Se wiist derop dat skippen in meldplicht hawwe as se konteners ferlieze en dat is net bard. Der is al langer ûndúdlikens oer skippen dy't kontenes ferlieze op de Noardsee. Ofrûne wike tongersdei gie de polityk dêroer om tafel, mar Kuipers is noch net tefreden.
Wat de Waadferiening steurt, is dat der twa jier nei de ramp mei MSC Zoe noch hieltyd gjin rampeplan foar kontenerskippen leit. "Dat is iets wat Nederland helemaal zelf kan uitvoeren. Wij zijn niet afhankelijk van andere landen. Maar daar wordt geen prioriteit aan gegeven. Wij willen daar heel snel voortgang in zien."
Ellen Kuipers fan de Waadferiening
Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 ferlear de MSC Zoe, ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld, 342 konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.