Twa jier sel foar oerfaller blommesaak Wolvegea

09 des 2020 - 11:41

In 26-jierrige man krijt twa jier selstraf oplein foar in oerfal op in blommesaak yn Wolvegea twa jier lyn. De straf is lyk oan de eask fan it Iepenbier Ministearje.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man is as asylsiker útprosedearre en swalke oant syn oanhâlding op 11 augustus troch hiel Nederlân. Hy frege dy dei yn de blommesaak om wetter. Doe't er dat krigen hie, gie er fuort. Hy kaam dêrnei wer werom, doe mei in stanleymes dat hy ûnder de noas fan de meiwurkster drukte.

De man easke jild en krige 110 euro mei. De fertochte rûn fuort, wêrnei't der in Burgernet-melding útdien waard. Hy waard sjoen yn de buert fan de trein. Twa plysjes ha de fertochte dêr oanholden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)