Urker fiskkotter omslein op Noardsee; opfarrenden rêden

Op de Noardsee boppe Skiermûntseach is woansdeitemoarn in kotter omslein. Trije opfarrenden fan de Urker fiskersboat binne oppikt troch in oare kotter.
Fiskersboat © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De kotter is boppe Skiermûntseach omslein. De bemanning soe himsels yn feiligens brocht hawwe troch op de kyl fan de boat sitten te gean. Se waarden oppikt troch in yn de buert fiskjende kotter. De KNRM en helpferliening, wêrûnder mooglik in helikopter, binne ûnderweis.
UPDATE 12:30 oere: Neffens de Kustwacht binne de opfarrenden mei de rêdingsboat ûnderweis nei de fêstwâl. Kontrôle troch de ambulânse blykt net nedich te wêzen.