Onderzoeksraad: fatale helikoptercrash Aruba troch manoeuvreprobleem

De oarsaak fan de fatale crash fan de NH90-gefjochtshelikopter, dy't yn see by Aruba delstoarte, ropt nije fragen op. Dit stelt de Onderzoeksraad voor Veiligheid (OVV) yn in woansdei publisearre rapport oer de crash op 19 july. Twa fan de fjouwer bemanningsleden, ûnder wa de Ljouwerter Christine Martens, kamen dêrby om it libben.
In NH90-gefjochtshelikopter © Shutterstock
It ûngelok barde ûnder it oefenjen fan de lâning fan de helikopter op it marineskip Zr. Ms. Groningen, stasjonearre yn it Karibysk gebiet. Ut it ûndersyk fan de Onderzoeksraad docht bliken dat de helikopter yn de problemen kaam trochdat it tastel, troch it meitsjen fan in bocht, op likense snelheid kaam mei de wyn. Dêrtroch hong it tastel praktysk stil yn de loft.
"Er is dan veel extra vermogen nodig om de helikopter in de lucht te houden. De vlieger zette extra vermogen in, maar door de lage vlieghoogte was het onmogelijk om de ingezette daling nog op tijd te corrigeren. De helikopter verloor snel hoogte en raakte binnen enkele seconden te water."

'Grutte ynset om kollega's te rêden'

De twa ynsitters achteryn it tastel koene harsels befrije en waarden út it wetter helle. Fleaner Christine Martens fan Ljouwert (34) en de taktysk koördinator foaryn de helikopter koene harsels net op tiid losmeitsje fan it tastel en binne ferdronken.
Ut it ûndersyk docht bliken dat de bemanning fan de Zr. Ms. Groningen grutte ynset toand hawwe om harren kollega's te rêden. Troch de hege weagen en de beheinde kapasiteit en tarissing oan board slagge dat lykwols net mear.
Yn augustus stelden de Onderzoeksraad voor Veiligheid (OVV) en de Inspectie Veiligheid Defensie (IVD) al yn in foarriedige konklúzje fêst dat de fatale crash net it gefolch wie fan in technyske of meganyske steuring.
De Inspectie Veiligheid Defensie docht neier ûndersyk nei de nije fragen dy't it rapport oer de tadracht opropt oer de achterlizzende faktoaren. "Deze vragen hebben betrekking op de opleiding en training van de bemanning, de keuze om met één vlieger per NH90-helikopter te vliegen en de keuzes die zijn gemaakt over de toerusting van het marineschip Zr. Ms. Groningen."