Auto yn de sleat op De Knipe; bestjoerder spoarleas

09 des 2020 - 09:37

Op de Jan Jonkmanweg op De Knipe is woansdeitemoarn in auto yn 'e sleat oantroffen. Der waard lykwols gjinien by de wein oantroffen.

Foto: De Vries Media

Om 8.15 oere waarden de helptsjinsten, wêrûnder de brânwacht, alarmearre foar it ûngelok. Doe't de helptsjinsten arrivearren, waarden der lykwols gjin persoanen oantrofen yn of by de auto. De brânwacht hat de ruten fan de auto yntikt om der wis fan te wêzen dat der gjinien mear yn de auto siet.

It is net dúdlik hoe't de auto yn de sleat bedarre is en hoelang't dy al yn de sleat leit. De dyk hat koart ôfsletten west. De plysje docht ûndersyk om de bestjoerder te achterheljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)