Kollum: "Weake stront"

"Ik wit wêrom't wy in lokkich folk binne. Twa wike lang is in Hercules leech oer Fryslân flein om sjen te litten dat se hjir iten en soldaten delkwakke kinne as it oarloch is. Ek de F-16's en F-35's fleane ôf en oan om safolle mooglik leven te meitsjen, sadat wy ús echt feilich fiele. It omkearde is fansels it gefal.
Eelke Lok © Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Eins soe ik fan al dy Friezen op de Keamerkandidatelisten witte wolle hoe't se tinke oer soksoarte saken, dy't ús echt dwers sitte.
Dan giet it net om it Frysk. Alle lju dy't hjir neffens Tjitske Reidinga as toerist ferklaaid komme moatte, smoare fan it laitsjen by it hearren fan de namme Fryslân. Dat lân dêr't se oant de rjochter ta hottefylje as de Nederlânsk- of Frysktalige namme boppe moat op it plaknammeboerd. Dat lân dêr't DINGtiid terjochte seit dat der te folle organisaasjes har mei it Frysk dwaande hâlde en dan fuort sels in nije organisaasje oprjochtsje. Dat lân dêr't se Foppe de Haan ynhiere om op de basisskoalle te fertellen dat it net corner is, mar hoeketraap. Se laitsje har dea. En pakke it boekje Merk Drinte.
We ha it ek net oer de Lelyline. Alle net-Fryske kandidaten pronkje ek al mei dat der nei sjoen wurde sil. Mear stiet net yn dy programma's. We ha it ek net oer ek foar Friezen folle wichtiger algemiene saken as sûnenssoarch, wurk, leanen, ûnderwiis, kultuer, hoareka, faksins, fuotbaljen ensafuorthinne.
Nee, ik wol witte wat se fine fan echte Fryske swierrichheden. Want we binne om 'e donder gjin lokkich folk. We ha bygelyks al jierren de smoar yn oer de wentebou. Ljouwert hat no sein dat se alles wat de provinsje wol, net bouwe kinne. Se binne te drok mei it Cambuurstadion, of sa. En sizze dan moat Snits, Drachten en Hearrenfean ek mar wat hûzen ha. Se dogge allegear krekt as besteane Harns, Dokkum, Wolvegea, Surhústerfean, Boalsert, De Jouwer en soksoarte sintra net.
Alle jongeren wolle yn eigen plak wenje. Hollanners wolle hjir ek wenje, oars hat dy Lelyline dochs gjin inkeld doel. Bou no folle mear, dat smyt ek noch wurk op. We ha gjin krimp mear, bou yn de doarpen, dêr wol minsken ek graach hinne. En sjit op. Mar om't de amtners thús wurkje, funksjonearje se net, en giet it allegear sa stadich as weake stront.
Dy doarpen moatte ek nei de corona leefber wêze. Leefberens wie eartiids in rûnwei en in doarpshûs. Dy rûnwei leit der, dat doarpshûs stiet coronafaai. Pak dat nó oan, oars is it te let.
Fierder moatte we nó en net aanst it boarjen nei gas en sâlt yn boaiem en Waadsee safier mooglik fuortdonderje. Ek al wolle de partijlieders fan dy Fryske kandidaten dat wol.
Frijwol hiel Fryslân is feangreide. Wittenskippers ha tweintich jier lyn al sein dat it te let is om dat allegear noch goed te krijen. As se no net begjinne, sakket Fryslân aanst nei Australië en witte dy fleantugen net mear wêr't se hinne moatte. Dy drûge stront moat der oer.
Nim my net kwea ôf FNP, mar it blykt alle dagen dat Fryslân syn problemen sels net oan kin. En altyd corona roppe as der wat net op tiid is, leau ik net mear oan. De Fryske bestjoerders rinne efteroan. En as ik hear dat de provinsje de finânsjes fan Smellingerlân wol regelje sil, giet my de grize oer de grouwe. Likegoed as dat Drachten no oerwoekere wurde sil mei gers tusken de tegels.
Ik soe sa graach wolle dat de Fryske kandidaten op de Keamerlisten ek echt wat foar Fryslân betsjutte kinne. De stront oprêde. Dan pas hat it doel dat alle Fryske media op syktocht gjenen nei de nûmer 43 op de list fan in partij dy't miskien mar trije sitten yn de Keamer krijt. Of nei immen dy't hjir wol ris syld hat.
We moatte sokken as Aukje (VVD 8) en Habtamu (PvdA 10) fergje op dieden. Mar Aukje is it iennichste Keamerlid dat wit hoe't de lanlike finânsjes yn elkoar sitte, en wit miskien net iens mear wêr't Fryslân leit. En Habtamu hat it wis net oer de wentebou yn Fryslân as er op telefyzje begjint oer de Prins Bernhardbelesting.
Moatte we eins noch wol stimme?"