Liwwadders poëzytablo foar 150 jier gemeentereiniging: 'In oade oan de jiskeman'

Seit wat ik futsmiet niet feul meer as wat ik bang bewaar? Ast prate su st su ik stil wurde.
Wat hawwe ôffal en poëzy mei inoar te krijen? Op it earste each net in hiel soad. Stichting Poëzietableaus Leeuwarden tocht der oars oer en skreau in gedicht spesjaal foar it 150-jierrich bestean fan de Ljouwerter gemeentereiniging. It poëzytablo, dat woansdeitemoarn ûntbleate wurdt, wurdt opnaam yn de UNESCO City of Literature.
© Stichting Poëzietableaus Leeuwarden
Hûndertfyftich jier lyn bedarre it ôffal yn Ljouwert faak yn de grêften. As ôffal net mear ophelle wurdt, komme minsken der pas achter hoe wichtich de funksje fan de gemeentereiniging is. Stichting Poëzietableaus Leeuwarden besleat stil te stean by it 150-jierrich jubileum mei in gedicht.
"Het is een heel belangrijk moment om bij stil te staan", seit Peter de Haan fan de stichting. "Wat is er mooier dan de vuilnisman in het zonnetje zetten." It gedicht is in saneamde oade oan de jiskeman. "Leeuwarden kende tot begin jaren 70 nog tonnetjes." Dêryn diene minsken eartiids harren behoefte. De tontsjes waarden dan ien kear yn de safolle tiid ophelle troch de 'tonneman'.

Liwwadders

Offalferwurker Omrin en de gemeente Ljouwert fûnen dat in moai idee en ek Dichter fan Fryslân Nyk de Vries woe graach meiwurkje. Dat resultearre yn it gedicht 'Asman'. It Frysktalige gedicht is mei help fan Anne Feddema oerset yn de omgongstaal by de gemeentereiniging: it Liwwadders.
It tablo krijt in plak op de Skrâns foar it eardere Randstad-gebou, tichtby it plak dêr't eartiids de yngong fan de gemeenereiniging wie en dêr't it tal fan desennia in kommen en gean wie fan wurknimmers dy't derfoar soargen dat de stêd kreas bleau.

Yn de foarm fan in jiskepûde

Poëzytablo 'Asman', typografysk yn de foarm fan in jiskepûde, wurdt woansdeitemoarn ûntbleate. Yn earste ynstânsje wiene meiwurkers fan de reinigingstsjinst dêrby wolkom, mar fanwegen de coronamaatregels bart dat yn lytse rûnte.
Piet Prins, dy't al jierren by Omrin wurket en wa syn heit noch 'tonneman' wie, sil it tablo woansdeitemoarn ûntbleatsje. "We wilden dat het iemand was die belangrijk is voor Omrin. Piet Prins staat symbool voor de vitale functie van de vuilnisman", leit De Haan út. Nyk de Vries lêst it gedicht by de gelegenheid foar.
Peter de Haan fan Stichting Poëzietableaus Leeuwarden oer it gedicht