VVD nimt Lelylijn op yn ferkiezingsprogramma

08 des 2020 - 23:07

De Lelyline komt yn it ferkiezingsprogramma fan de VVD. De ferkiezingsprogrammakommisje hat tiisdeitejûn grien ljocht jûn om de Lelyline yn it programma op te nimmen. De Lelyline stie net yn it konsept-ferkiezingsprogramma fan de VVD. Sûnt dy tiid binne de ôfdielingen Fryslân en Grinslân dwaande mei in lobby om de spoarline yn it programma te krijen. Dy hat fertuten dien.

Foto: Omrop Fryslân

VVD-Keamerlid Aukje de Vries pleite der ferline wike yn It Polytburo al foar om de spoarferbining, dy't de Rânestêd fia It Hearrenfean en Drachten mei it Noarden ferbine moat, yn it ferkiezingsprogramma foar de Twadde Keamerferkiezingen fan 2021 op te nimmen.

"De Lelyline stie earder noch net letterlik yn ús ferkiezingsprogramma, mar der stie wol yn dat we ynternasjonale ferbinings hawwe woene en dat der ferbettering komme moast foar it iepenbier ferfier", leit VVD-Steatelid Dirk Pool út.

Neffens him moat de Lelyline der komme om't it Noarden net goed oansletten is op de rest fan it lân. Wannear't der bygelyks tusken Meppel en Zwolle in kalamiteit is, is it Noarden ôfsnien fan súdliker parten, sa leit Pool út.

'Boppeslach'

"Der is noch gjin trasee bekend, mar dat we no besletten hawwe dat de line der komme moat, is in boppeslach", seit Pool. De partijen CDA, PvdA, ChristenUnie, D66 en SGP hiene de Lelyline earder al opnaam yn harren ferkiezingsprogramma.

De Lelyline sil nei alle gedachten minimaal tusken de 4 en 6 miljard euro kostje. It jild dêrfoar soe út it Wopke-Wiebes-fûns helle wurde, it ynvestearringsfûns fan minister fan Finânsjes Wopke Hoekstra en minister fan Ekonomyske Saken Eric Wiebes. Dêr sit 50 miljard yn.

Yn 2029 klear

Pool is optimistysk oer de foarseine opleveringsdatum fan de Lelyline. "Ik ha altyd sein dat de line der yn 2035 lizze moast, mar sjoen de needsaak en it momintum dat it no krijt, doar ik dêr wol fiif of seis jier ôf te heljen", seit it Steatelid. "Mei de krystdagen fan 2029 fyn ik in hiel moai stribjen."

VVD-Steatelid Durk Pool oer de Lelyline

(Advertinsje)
(Advertinsje)