De Fryske Marren wol earmoede en skulden mei ynwenners oanpakke

De gemeente De Fryske Marren wol mei ynwenners en saakkundigen aktyf oan de slach om earmoede en de opbou fan skulden oan te pakken. De gemeente hat dêr in oare oanpak foar betocht. Dêryn wurdt it belied foar minima, bysûndere bystân en skuldhelpferliening by inoar brocht, want der is in grutte oerlaping yn de organisaasjes dy't harren dêr mei dwaande hâlde.
© Gemeente De Fryske Marren
"Soms gebeurt er iets in je leven, waardoor je opeens moeite hebt om rond te komen. Dit kan iedereen overkomen, bijvoorbeeld door het verlies van je baan, een scheiding of ziekte", seit wethâlder Luciënne Boelsma. "Je maakt je zorgen of je de sport van je kinderen wel kunt betalen en of je deze maand genoeg geld hebt voor de huur."
Mei de útfiering fan it beliedsplan wol de gemeente foarkomme dat ynwenners yn earmoede libje en dat der skulden ûntstean. "We willen dat alle inwoners mee kunnen doen in de lokale samenleving. De grootte van iemands portemonnee mag hierin geen belemmering zijn."
De gemeente wol yn de nije oanpak it aksint lizze op it foarkommen fan earmoede en skulden, troch it betider te sinjalearjen. Hjirby wurdt net allinnich sjoen nei de finansjele helpfraach, mar ek nei de sûnens, it gedrach en de sosjale kontakten fan in ynwenners wurdt meinaam. It nije belied leit ek in link mei 'laaggeletterdheid'.