Proef om stienmurden dea te meitsjen soarget net foar folle mear greidefûgels

08 des 2020 - 21:45

De proef fan de provinsje om stienmurden te fangen en dea te meitsjen, om sa greidefûgels te beskermjen, hat net soarge foar in hiel soad mear greidefûgels. Dat komt ûnder oare trochdat nêsten dochs leechhelle binne, mar dan troch oare rôfdieren, lykas wezelingen, murden en harmelingen. Dêr wiene der mear fan as oars, troch de sêfte winter en trochdat der in soad mûzen wiene. Dat lûkt de rôfdieren nei dy gebieten.

Stienmurd - Foto: Wikimedia Commons

De ferwachting fan de provinsje is dat dat takom jier wol minder wêze sil, omdat der dit jier folle minder mûzen wiene. De provinsje hat de proef yn acht greidefûgelgebieten dien: Soarremoarrepolder, Zwagermieden, Veenhoop, Workumerwaard & Workumerommelanden, Fjûrlannen, Ontginning, Janssenstichting en Skrok & Skrins. Yn fiif dêrfan bleau it sukses út.

De proef mei it fuortfangen fan stienmurden wurdt yn 2021 mei noch seis lokaasjes útwreide.

(Advertinsje)
(Advertinsje)