Het Theehuis yn Grou fielt him it 'pispaaltje' as hoareka: "Belied nedich"

08 des 2020 - 20:53

Eigener Timo Slump fan Het Theehuis yn Grou fynt ek nei de lêste parsekonferinsje fan it kabinet dat de hoareka wer it 'pispaaltje' is. "It firus is der, dat witte wy. Dat moat de wrâld ek út. Mar der moat ek in takomst wêze, der moat belied komme. Rutte sei ek: helje lokaal iten by de restaurants. Dat is miskien in doekje tsjin it blieden, mar doch it asjebleaft. Want in hiel soad saken steane op omfallen."

Ferslachjouwer Gerrit de Boer wie by it Teehûs yn Grou

Slump hie yn 't foar al net in soad hoop. "Wy hiene al ferwachte dat it op neat útrinne soe. De besmettingen geane omheech en dan is it fansels al in ferhaal dat it neat wurdt foar de hoareka. Sy neamden in 'licht aan het einde van de tunnel', mar ek dêr haw ik neat fan murken." Dochs jout er ek wol ta dat it net allinne foar de hoareka jildt. "Foar eltsenien is it in swiere tiid. Net allinne foar de hoareka, ek foar de sûnenssoarch."

Stipe

Mei Het Theehuis giet it aldergeloks noch net hiel min, seit Slump. "Wy hâlde it noch reedlik fol. Mar ik wit út earste hân in pear saken dêr't it net bêst giet. Woansdei hawwe 'de grutte jonges' in gearkomste. Wy moatte sjen wat der út komt."

Slump doelt op de ministers, dy't woansdei mei nije stipe foar bedriuwen komme. Dy stipe is ek foar in part foar de hoareka. "Der moat jild by, dat liket my goed. Want ik wit net wannear't wy wer iepen kinne. Foar de hiele brânsj is it wichtich. Oars witte wy it ek net. Mear as de helte sjogge je net wer werom, tink ik."

(Advertinsje)
(Advertinsje)