Steatefraksje SP stelt fragen oer boaiemsanearring

08 des 2020 - 20:34

De Fryske Steatefraksje fan de SP stelt woansdei fragen oer boaiemsanearring. De fragen wurde stelt nei oanlieding fan it programma "De Monitor" fan KRO-NCRV yn gearwurking mei Follow the Money. Dêryn waard dúdlik dat stikken grûn wer skjin yn de boeken steane, wylst dy stikken grûn yn werklikheid noch swier fersmoarge binne.

Foto: Omrop Fryslân

In foarbyld is it terrein fan Marko de Vries út Ketlik. Hy kocht in âlde sjitbaan fan de plysje om dêr sportaktiviteiten foar bern te organisearjen. Neffens ynformaasje fan de oerheid soe de grûn skjin wêze, wylst it terrein fol lei mei giftige leaden kûgels.

"Er moet niet langer alleen administratief maar vaker fysiek worden gecontroleerd bij bodemsaneringen, maar dan wel echte controles. De praktijk is momenteel dat 'fysieke controle' van alles kan betekenen. Zelfs voorbijrijden en vanuit de auto kijken of er daadwerkelijk gegraven wordt geldt als fysieke controle," seit wurdfierder fan de SP, Hanneke Goede. De SP wol der by de provinsje op oantrúnje om boaiemsanearring better te kontrolearjen.

Omjouwingswet

Fan 1 jannewaris 2022 ôf wurdt it sanearringsbelied ûnderdiel fan de nije omjouwingswet. It belied wurdt dan fan provinsje oerdroegen oan gemeenten. De SP wol dat it papierwurk fan sanearre terreinen dan goed op oarder is foar't it nei de gemeenten giet.

Trefwurden: 
SP boaiemsanearring
(Advertinsje)
(Advertinsje)