Talma Hoeve Feanwâlden set troch mei coronaregels, mar hat wol krystprogramma

08 des 2020 - 20:34

By soarchsintrum Talma Hoeve yn Feanwâlden is der nochteren nei de parsekonferinsje fan it kabinet oer it coronafirus sjoen, fertelt manager Sytze Miedema. "Sa't ien fan de bewenners it hiel typearjend sei: it is it ferhaal dat wy al folle faker heard hawwe. Der is neat nijs ûnder de sinne. Wy moatte trochgean mei de maatregelen sa't dy der no steane."

Ferslachjouwer Willem de Vries wie by Talma Hoeve yn Feanwâlden

Mei de feestdagen is der noch gjin ferromming mooglik fan de coronamaatregels. Miedema jout oan bliid te wêzen dat der noch wol trije minsken deis op besite komme meie. Fierder hat Talma Hoeve yntern in soad organisearre. "Wy hawwe in wiidweidich programma, dat is mei Sinteklaas al úteinset. Der sit fan alles yn, iten mei de krystdagen yn beheinde groepen, der wurde oaljekoeken bakt op âldjiersjûn. Meiwurkers en stazjêrs hawwe aktiviteiten opset: it wurdt in gesellige moanne," seit Miedema.

Krysttiid ek momint fan oantinkens

Dat is ek wol nedich, jout hy oan. "Oan de iene kant is der iensumens, mar oan de oare kant is it ek in tiid fan oantinkens. It ferlies fan in partner, foarfallen yn it libben. Yn de tiid om de krystdagen hinne komme dy ek by minsken nei boppen. Dêrom besykje wy dêr wat ekstra omtinken foar te hawwen. Wy hawwe in hiel oanbod oan aktiviteiten."

Mar it moat wol yn lytse groepkes. "Wy moatte oardel meter ôfstân hâlde, net mear as tritich minsken yn de seal. Dat giet eins hiel goed. Minsken fiele harren thús en sy fernimme dat der nei harren harke wurdt."

Miedema jout oan dat it rûn krijen fan de roasters somtiden in poepetoer is. "It stiet wolris ûnder druk. As ien klachten hat en test wurde moat, dan binne meiwurkers net oan it wurk en moatte kollega's it opfange. Dêr wol ik wol tank foar sizze. Wy hawwe no de roasters rûn foar de feestdagen. Dêr binne ek ekstra minsken foar ynpland."

Ferslachjouwer Willem de Vries en manager Sytze Miedema

(Advertinsje)
(Advertinsje)