Gjin ferromming, by hegere coronasifers sels strangere maatregels foar de krystdagen

08 des 2020 - 19:30

Der komt gjin ferromming fan coronamaatregels foar de krystdagen, sei premier Mark Rutte op in parsekonferinsje oer it firus. "Helaas is er niet meer mogelijk dan de laatste maanden. Dus per dag maximaal drie gasten thuis ontvangen, de restaurants blijven dicht en de gedeeltelijke lockdown blijft gelden." De minister-presidint warskôget sels dat as it tal besmettingen net ôfnimt, it wolris de oare kant op falle kin. "Dan sluit ik zelfs niet uit dat we nog voor de Kerst bij u terug komen met strengere maatregelen."

Premier Mark Rutte - Foto: ANP

Mei de feestdagen komt der dus gjin feroaring yn de tastiene groepsgrutte. It betsjut dat der maksimaal trije minsken op in dei delkomme meie (as it giet om minsken âlder as 13 jier). "Dat is jammer, we hadden op meer gehoopt. Bij persconferentie van drie weken geleden leek het reëel dat er met feestdagen meer zou kunnen, dat er weer restaurants open zouden kunnen, meer mensen thuis konden komen of dat we weer konden trainen met voetbalteam. Maar het gaat echt niet goed. Met de besmettingscijfers en het aantal ziekenhuisopnamen niet."

Lege stuollen oan de krysttafel

Neffens Rutte sille de krystdagen dit jier foar in soad minsken swierder wêze as oars. "Al een paar weken geleden zag je de eerste kerstbomen in huiskamers. Het laat zien hoe extra belangrijk kerst dit jaar voor ons in. Het is een extra zwaar jaar, een jaar van verlies en rouw, zeker voor de families die iemand door corona hebben verloren. Inmiddels tellen we bijna 10.000 lege stoelen aan de kersttafel."

Premier Rutte hopet dat it noch wol slaget om yn jannewaris wat mear romte foarinoar te krijen. "Dat kan nog steeds. Maar het lukt alleen met z'n allen."

Faksinaasje: kwetsberen en soarchpersoniel earst

Dochs naam minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens in foarskot op de útfiering fan in faksinaasjeprogramma. "We zijn er nog lang niet. Maar toch staan we aan de vooravond van de vaccinatiefase, dat is de weg die ons uit deze crisis moet leiden." De Jonge makke mear dúdlik oer de groepen dy't as earste in coronafaksin krije sille. "Eerst de kwetsbaren en de zorgverleners. We starten bij verpleeghuizen, de gehandicaptenzorg, de thuiszorg, bewoners van bejaardentehuizen." Dêrnei folgje minsken âlder as 60 jier en minsken mei in bepaald sûnensrisiko. "En pas daarna volgt de rest van de samenleving," sei De Jonge.

"Eltsenien in faksin duorret grif noch oant nei de simmer"

De minister sei dat it opsetten fan it faksinaasjeprogramma in tige 'ingewikkelde puzzel' is. Yn jannewaris soe it úteinsette moatte. It giet om meardere faksins, opslach, distribúsje, befeiliging. "Ook defensie ondersteunt en staat paraat. Maar het zal nog wel tot na de zomer duren voordat heel Nederland een vaccin heeft gekregen. We moeten alles op alles zetten."

Ek De Jonge jout in warskôging: "We moeten waken voor een we-zijn-er-bijna-stemming. We zijn nog wel even onderweg. En het is ook nog niet bekend of iemand die gevaccineerd is, iemand anders nog wel ziek kan maken. Dus we zullen nog wel even maatregelen houden. Maar als we onze meest kwetsbaren beschermen, zijn we een heel eind."

Foto: ANP

Der komt ekstra stipe foar bedriuwen, lykas restaurants en kafees, sei premier Rutte. De ministers Hoekstra, Koolmees en Wiebes komme mei nije stipemaatregels. Foar jongelju wurdt der ekstra jild frijmakke foar spesjale aktiviteiten, lykas in teäterfoarstelling of it meitsjen fan in film. "Ook gaat het OMT onderzoeken of de leeftijdsgrens bij trainingen voor teamsporten opgerekt kan worden naar 27 jaar. Nu is dat 18 jaar."

It plan is ek dat topsporters nei 17 desimber wer yn kompetysjes traine kinne en wedstriden spylje meie. It giet om in seleksje fan sa'n 1.000 fuotballers en 5.000 oare topsporters.

Proeven yn jannewaris

Rutte makke ek noch bekend dat der yn jannewaris in tal proeven dien wurdt mei teäterfoarstellingen mei mear publyk en fuotbalwedstriden mei mear supporters. "Hoe moeten mensen lopen, zitten, staan? Kunnen met testen meer mensen worden toegelaten? Wat is in de praktijk haalbaar en verantwoord?"

(Advertinsje)
(Advertinsje)