"De Alvestêdetocht? Dat wie dochs yn de tiid fan pake en beppe?"

08 des 2020 - 17:11

Hoe soargje je der foar dat bern de magy fan de Alvestêdetocht net ferjitte, no't se 'm net meimeitsje? Oer dy fraach hawwe Kunstkade en Stichting Beleef & Herinner neitocht en dêrom sette se tiisdei útein mei in bysûnder edukaasjeprojekt op trije Fryske skoallen yn Jorwert, Baard en Ljouwert.

Foto: ANP

"Wij zijn bezig met onze spektakelmusical De Tocht over de Elfstedentocht. We willen meer dan een voorstelling maken, maar ook maatschappelijk wat betekenen voor Fryslân. Dat begint bij de kinderen, zij dreigen de magie van de Elfstedentocht te verliezen omdat er al lang geen tochten meer zijn geweest," fertelt Natasja Kesteloo, direkteur fan Stichting Beleef & Herinner. "Kinderen kennen de Elfstedentocht van pake en beppe. Het ene kind weet meer dan het andere, maar nog lang niet genoeg. Wij gaan het ze bijbrengen."

Tou as ferbining

Dat moat mei allerhanne projekten barre: en ien dêrfan is in hiel lang tou. "Alle kinderen krijgen een meter touw en een startbewijs. Alle kinderen van het project gaan daarmee uiteindelijk één lang touw maken van 200 kilometer lang, zo lang als de Elfstedentocht. Zo laten we zien dat de Elfstedentocht een verbindende factor is. Wij werken samen met Kunstkade, zij gaan samen met de kinderen van drie pilotscholen lesmateriaal ontwikkelen. Dat gebruiken we uiteindelijk voor hopelijk alle basisscholen in Fryslân."

Natasja Kesteloo fan stichting Beleef & Herinner

(Advertinsje)
(Advertinsje)