Ljouwerter (29) oanholden fanwege fjoerwurkhannel: 600 kilo yn beslach naam

08 des 2020 - 17:08

De plysje hat tiisdeitemiddei in 29-jierrige man oanholden yn Ljouwert fanwege it hanneljen yn fjoerwurk. De plysje hat 600 kilo oan ôfkard fjoerwurk yn beslach naam.

Foto: Shutterstock.com (Fibs.Z)

De man hat in legale fjoerwurkhannel, mar de plysje is der by ûndersyk achterkaam dat it bedriuw net hannele neffens de fergunning. Sa ferkocht de man ûnder oare profesjoneel fjoerwurk. Ek ferkocht er konsumintefjoerwurk bûten de tastiene perioade.

De plysje wurke gear mei de gemeente Ljouwert, dat in fergunning ferliend hie oan de man foar syn fjoerwurkhannel.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert fjoerwurk
(Advertinsje)
(Advertinsje)