Twa Ljouwerters oanholden foar stekynsidint ôfrûne simmer

08 des 2020 - 16:56

De plysje hat twa Ljouwerters oanholden dy't fertocht wurde fan belutsenheid by in stekynsidint yn de stêd, ôfrûne augustus. Dêrby rekke in 38-jierrige Ljouwerter ferwûne.

Foto: ProNews

It stekynsidint wie op 20 augustus yn Ljouwert, it slachtoffer waard fûn oan de Koerierstersespel en is doe nei it sikehûs brocht. "Het steekincident waardoor de man gewond raakte, is mogelijk niet op de locatie waar wij de gewonde man aantroffen gebeurd, maar ergens anders. Waar is nog niet bekend", sei plysjewurdfierder José van Gijssel yn augustus.

No makket de plysje bekend dat se ferline wike dus twa Ljouwerters oanholden ha. Sy binne 25 en 33 jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)