Healjier sel easke tsjin Hagenaars foar bedriging mei fjoerwapen yn Drachten

Justysje easket selstraffen fan in healjier tsjin twa ynwenners fan Den Haag (20 en 29 jier), dy't yn de nacht fan 22 juny op de Melkkelder yn Drachten twa manlju bedrige ha soene mei in fjoerwapen. Njonken it healjier selstraf easket justysje ek trije moannen ûnder betingst.
Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De fertochten kamen de manlju, in Grinzer fan 26 en in 36-jierrige man sûnder fêst ferbliuwplak, nachts tsjin op strjitte. Neffens de slachtoffers helle de 20-jierrige fertochte in fjoerwapen tefoarskyn, lade er it pistoal en rjochte it op de twa. Dy binne doe útnaaid.
De manlju út Den Haag sieten yn dy perioade yn Drachten. Se joegen ta dat se har dwaande hâlde mei drugshannel, mar net dat se de twa oaren bedrige ha. Se sizze dat it just oarsom wie: de manlju soene de Hagenaars bedrige ha, omdat se har beskôgen as konkurrinten yn de drugswrâld. De manlju waarden nachts oanholden yn in hûs oan de Melkkelder.
Omdat der in wapen yn it spul wie, ferrjochte in arrestaasjeteam de oanhâlding. Dêrby is sketten. Yn it hûs is kokaïne en heroïne fûn. De twa fertochten ha in strafblêd. Offisier fan justysje Erik Veen leaude neat fan it ferhaal fan de Hagenaars. De ferklearringen fan de slachtoffers komme neffens de offisier "behoorlijk overeen". De rjochtbank docht op 22 desimber útspraak.