Provinsje wol witte hokker boeren ophâlde wolle, om sa stikstof werom te bringen

08 des 2020 - 17:09

De provinsje Fryslân wol útsykje hoefolle Fryske boeren oft meidwaan wolle oan de opkeapregeling fan it Ryk. De regeling hâldt yn dat boeren, dy't tichteby in Natura2000-gebiet buorkje, tsjin in fergoeding ophâlde kinne. In wichtich betingst is dat de boer dan net op in oar plak opnij begjinne mei.

Provinsje wol witte hokker boeren ophâlde wolle, om sa stikstof werom te bringen

It Ryk is de opkeapregeling begûn om de stikstofútstjit werom te bringen. It grutste part fan de stikstofútstjit wurdt feroarsake troch de lânbousektor. It Ryk stelt lanlik 350 miljoen euro beskikber foar de opkeapregeling. As provinsjes yn guon gebieten boerebedriuwen oankeapje, kin de stikstofdelslach dêr sakje. Dat is goed foar de natuer. It doel fan it Ryk is op syn minst de helte fan de stikstofgefoelige Natura 2000-gebieten sûn te hawwen.

"We wolle yn Fryslân alle alve gebieten sûn ha", seit deputearre Klaas Fokkinga. "Om te begjinnen de gebieten yn it súdeasten, dy't it meast ûnder druk steane."

Wat de provinsje no docht, is in earste ynventarisaasje fan de opkeapregeling. Boeren kinne by de provinsje kenber meitsje oft se belangstelling ha. Op basis fan de belangstelling en it effekt fan mooglike oankeapen op Natura2000-gebieten, beslute Deputearre Steaten ein jannewaris oft de provinsje Fryslân oan de opkeapregeling fan it Ryk meidocht.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

'Fryske oanpak'

De provinsje Fryslân wol in eigen 'Fryske stikstofoanpak' dwaan, yn gearwurking mei partijen út de lânbou, natuer, bou, mobiliteit, yndustry en oare oerheden. Dêrby moatte maatregels liede ta ferbettering fan de Fryske natuer en strukturele ferleging fan de stikstofdelslach en tagelyk ekonomyske en maatskiplike aktiviteiten mooglik meitsje.

"Wy stribje nei in duorsume ekonomyske ûntwikkeling, benammen yn de suvelstring", seit deputearre Klaas Fokkinga. "It oplossen fan de stikstofproblematyk moat in bydrage leverje oan de transysje nei in duorsume en natuerynklusive lânbou. Op sa'n wize dat Fryslân foarop rint mei sirkulêre omrinlânbou. Dêrfoar is it ek wichtich dat fergunningferliening juridysk hâldber is."

Ophâldregling foar oare boeren

Yn 2021 stelt it Ryk noch in ophâldregeling beskikber. Dan kinne melkfee-, barge- en plomfeehâlders oanjaan oft se tsjin in fergoeding ophâlde wolle.

Deputearre Fokkinga fertelt wat der gebeure moat tsjin de stikstof

(Advertinsje)
(Advertinsje)