Bevrijdingsfestival Fryslân moat trochgean yn 2021: dit binne de senario's

"Hoe dan ek, it giet troch. Wy fiere 75 + 1 takom jier," seit foarsitter Jorrit Volkers fan Bevrijdingsfestival Fryslân. Tiisdei hat de organisaasje yn de Ljouwerter Blokhúspoarte de plannen bekend makke om yn 2021 dochs noch 75 jier frijheid (+ in ekstra jier) te fieren. Dat kin fansels in hiele toer wêze yn coronatiid. Mar dêrom hat de organisaasje fjouwer senario's klearlizzen.
75+1 Befrijding
It earste senario is dat alles gewoan trochgean kin om't der gjin beheiningen binne. Bygelyks as eltsenien faksinearre is, of om't it coronafirus ferdwûn is. Oan de oare kant fan it spektrum moat senario fjouwer der foar soargje dat der dochs in fiering komme kin, ek as de situaasje sa bliuwt as dat it no is. Foar elts programma-ûnderdiel is in plan makke om sels yn in heale lockdown noch wat te fieren.

It minste senario

Foarsitter Volkers fertelt wat der op it programma stiet by it minste senario. "Foar de bern komt der in kuiertocht troch de stêd, der komme skoalprojekten, in foarstelling fan benesirkus Saranti en wy dogge wat mei films. Foar âlderein binne wy dwaande om foarinoar te krijen dat alle minsken dy't Van Smaak iten krije, dat der in spesjale befrijingssop foar harren makke wurdt. En foar de minsken dy't der net by sitte wolle wy deselde sop mei âlde legerweinen by âldereintehuzen en minsken del bringe."
Spitich is wol dat it de lêste kear net trochgean koe om Kanadezen op besite te krijen. "Wy hoopje dat it wer slagget, mar de kâns is lyts. As it net kin, dan meitsje wy in spesjale dokumintêre en soargje wy derfoar dat bern mei harren chatte kinne op 5 maaie."

Komt der muzyk op 5 maaie?

Mar hoe komt it mei de muzyk as de situaasje sa bliuwt as dat it hjoed-de-dei is? Volkers: "Yn it minste gefal ferdiele wy ús oer de provinsje: dan komme der yn sealen foarstellingen dy't tagonklik binne foar 30 minsken. Dy wolle wy ek útstjoere of livestreame. Der is ek wer in ambassadeur fan de frijheid, as dy net op it haadpoadium kin, dan geane wy dêr de provinsje mei yn. Ek de talent-stages jouwe dan ek optredens yn sealen."
Foar it festival fan 2021 wurdt ek mear gearwurking socht mei oare partijen, seit Volkers. "Wy binne yn septimber mei de organisaasjes fan SKAAD, De Joodse bruiloft en De terugkeer van de Joodse kinderen byinoar sitten gien en doe hawwe wy sein: wy moatte it yn 'e mande fiere. Wy wolle in koepel foarmje om alle publisiteit oer de fiering byinoar te bringen."
Foarsitter Jorrit Volkers fan Bevrijdingsfestival Fryslân
Bevrijdingsfestival Fryslân is ien fan de partijen dy't gjin strukturele subsydzje krijt. "Dat hat ek nea sa west, it waard altyd ad hoc regele. De oanfraach foar permaninte stipe is ôfwiisd," seit deputearre Sietske Poepjes. Sy kin noch gjin folsleine dúdlikens jaan. "Wy hawwe sjoen: hokker subsydzjes koene net brûkt wurde yn 2020, mar kinne wy trochskowe nei 2021. Der is in geweldich programma delset. Wy hawwe ek coronaskeamiddels fan it ministearje krigen. En wy hawwe ek tsjin it festival sein: brûk jimme reserves ek. "
Deputearre Sietske Poepjes
Regisseur Silvia Andringa fan De Joodse Bruilloft
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy