124 nije besmettingen, minder as de ôfrûne dagen

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 124 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne 26 minder as moandei, doe wiene it 150. De 124 is sawat lyk as it trochsneed tal besmettingen de ôfrûne wike.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
Fierwei de measte besmettingen binne de ôfrûne dei fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (38). Dat is folle mear as yn oare gemeenten, mar minder as de ôfrûne dagen.
De ôfrûne wike binne der mei-inoar 275 besmettingen fêststeld yn Súwest-Fryslân. Omrekkene nei 100.000 ynwenners binne dat 306, wêrmei't Súwest-Fryslân ek de negative útsjitter yn ús provinsje is.
Yn Fryslân binne it ôfrûne etmiel gjin stjergefallen as gefolch fan corona meld. Der is wol in nije sikehûsopname meld, dat giet om in ynwenner fan Opsterlân.

Lanlik foar it earst yn in wike delgong

Lanlik binne der 6.187 nije coronabesmettingen konstatearre. Dat is foar it earst yn in wike minder as de dei dêrfoar. Moandei waarden 7.119 besmettingen fêststeld.
It kabinet jout tiisdei om 19.00 oere in nije parsekonferinsje oer de maatregels.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.