Deadlike oanriding Kollumersweach wie 'slimme ferkearsflater'

08 des 2020 - 14:01

De deadlike oanriding yn Kollumersweach yn septimber 2018, wêrby't in 70-jierrige fytser om it libben kaam, wie neffens de rjochtbank it gefolch fan 'in slimme ferkearsflater'. De automobilist, in 22-jierrige ynwenner fan it doarp, krijt in boete fan 750 euro en in rydûntsizzing fan twa moannen ûnder betingst.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De automobilist dy't mei it slachtoffer yn botsing kaam hat te hurd riden. Neffens de rjochtbank wie der gjin sprake fan roekeleas rydgedrach, wat in misdriuw wêze soe. De man hat in ferkearsoertrêding begien, troch hurder te riden as tastien.

Hommelse beweging nei links

De bestjoerder ried neffens de berekkeningen fan de plysje 56 kilometer yn 'e oere doe't er de fytser oanried, wylst de maksimumsnelheid op de Koarteleane 30 is. Neffens de fertochte makke de fytser in hommelse beweging nei links en dat hie er net oankommen sjoen. De man hie net oanjûn dat er ôfslaan woe.

Om de fytser yn te heljen, hie de automobilist just gas by jûn. Hy hie op it lêste momint noch wol op de remme trape en nei links stjoerd, mar dat holp net mear. De plysje konkludearre dat it ûngelok foarkaam wurde koe as de bestjoerder him oan de maksimumsnelheid holden hie. De rjochtbank spruts fan "een ernstige verkeersfout".

Net fuortrûn foar ferantwurdlikens

Fan oare "verwijtbare gedragingen" troch de bestjoerder is neffens de rjochtbank gjin sprake. De rjochtbank hold der ek rekken mei dat de automobilist gjin strafblêd hie en dat er net fuortrûn is foar syn ferantwurdlikens. Hy hat by de widdo fan it slachtoffer west en hat te kondolearjen west.

De straf dy't er krijt is lyk oan de eask fan de offisier fan justysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)