FNP oer stillizzen Bitgumer houtsintrale: "Goliat litte we rinne en David pakke we oan"

De FNP sprekt fan "klassejustysje" dat glêstúnbouwer Jaap Vink fan Bitgum syn houtsintrale yn Bitgum stillizze moat fan de provinsje. De biomassa-ynstallaasje dêr't Vink syn kassen mei ferwaarmet, soe te folle stikstof útstjitte. De FNP seit dat der lykwols folle mear bedriuwen binne dy't net oan de stikstofnoarmen foldogge en hat him dêrom op de kwestje stoart.
Houtsintrale stillizze
Miljeuorganisaasje Mobilisation for the Environment (MOB) wiisde de provinsje derop dat it bedriuw yn Bitgum, en ek in bedriuw yn Beetstersweach mei sa'n selde houtsintrale, te folle stikstof útstjitte. De provinsje stelde de bedriuwen dêrom in ultimatum. Foar freed moat harren stikstofútsjit wer binnen de noarmen falle of de ynstallaasje stillein wêze. Oars driigje jildboetes.

Pionier

Doe't Vink trettjin jier lyn syn houtsintrale boude, waard hy noch in pionier neamd. "Dit wie it foarbyld fan sirkulariteit", leit Sijbe Knol fan de FNP út. "Hout út de omjouwing dat oars nei Dútslân stjoerd wurde soe, waard hjir no brûkt om de kassen te ferwaarmjen. Dat is just duorsum."
Vink skreau in brief oan de provinsje dêr't er syn situaasje yn útlei en dêr't er yn frege om alternativen foar de biomassa-ynstallaasje. Sa neamde hy de opsje fan ekstern saldearjen: it opkeapjen fan de stikstofrjochten fan in oar bedriuw. De provinsje droech neffens Knol yn har antwurd dêrop lykwols gjin oplossings oan en bea ek gjin perspektyf oan de kweker.

Lytse inisjativen de dupe

Neffens de FNP binne der folle mear bedriuwen dy't te folle stikstof útstjitte en dat dy net oer ien kaam te skearen binne. "Je kinne it ien net mei it oar ferlykje. MOB hellet de stofkaam hiel rûch troch Nederlân en dat betsjut dat inisjativen op lytse skaal dêr no ek de dupe fan binne", leit Knol út.
Gruttere spilers as de fleanbasis fan Ljouwert stjitte ek stikstof út, mar dêr hanthavenet de provinsje net op. Knol: "Goliat litte we rinne en David pakke we oan. Wêr is de evenredigens dan?" De FNP'er seit te skrikken fan de hâlding fan de provinsje. "Wy kinne it net ferlykje mei de Vattenfalls dy't boaten fol hout hjirhinne helje."

Skriftlike fragen

De FNP hat skriftlike fragen steld oan it kolleezje fan Deputearre Steaten en wol dat de provinsje de Bitgumer kweker perspektyf biedt. "Oars moat freed hjir it spul ticht en moatte se har der mar mei rêde. Dat is it boadskip fan de provinsje. Dat fine wy ûnakseptabel nei in ûndernimmer dy't altyd goed dien hat, ek nei de maatskippij ta."
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Sijbe Knol fan FNP oer de biomassa-ynstallaasje yn Bitgum
Ek de CDA-Steatefraksje is net te sprekken oer it optreden fan de provinsje tsjin de houtoven fan Vink. De partij fynt it net kinnen dat de kweker syn wurk folslein stillizze moat, wylst it net mooglik is om in fergunning oan te freegjen. It CDA wiist der op dat de minister tasein hat dat bedriuwen dy't foar de Ried fan Steat-útspraak yn 2019 legaal aktyf wiene, mei harren aktiviteiten trochgean meie. De Steatefraksje is fernuvere oer de situaasje.
Steatelid Anne Schelhaas jout yn in brief oan: "Beide bedrijven betrekken hun hout- en snoeiafval uit de nabije omgeving en verwarmen daarmee op duurzame wijze naastliggende gebouwen. Vooral voor paprikateler Vink in Bitgum heeft het optreden van de provincie desastreuze gevolgen: zijn hele bedrijf moet dan stil gelegd worden, met alle gevolgen van dien. Het bedrijf verkeert in een onmogelijke spagaat, waarvoor op zeer korte termijn een oplossing gevonden moet worden."