Alle dagen soad besmettings yn Súdwest-Fryslân, GGD taast yn it tsjuster

Dei nei dei en wike nei wike springt Súdwest-Fryslân der yn ús provinsje boppe-út as it om it tal coronabesmettings giet. It is in grutte gemeente, mar ek omrekkene nei it tal ynwenners stiet Súdwest-Fryslân boppe-oan. De GGD Fryslân makket him der bot soargen oer, mar hat gjin goede ferklearring foar de sifers.
Besmettingen yn Súdwest-Fryslân
GGD-dokter Everhard Hofstra makket him soargen oer de sifers yn Súdwest-Fryslân
De ôfrûne sân dagen binne yn Súdwest-Fryslân 264 besmettingen mei it coronafirus fêststeld. Omrekkene nei 100.000 ynwenners binne dat 294, in stik mear as yn oare Fryske gemeenten. Allinnich twa gemeenten yn de noardeasthoeke fan de provinsje sitte ek boppe de twahûndert: Noardeast-Fryslân (229) en Dantumadiel (211). De Ryksoerheid hâldt 250 besmettingen op 100.000 ynwenners oan foar it risikonivo 'zeer ernstig'.

Gjin spesifike oarsaak of spesifyk plak

"We zien wat uitbraken op scholen en in zorginstellingen", seit GGD-dokter Everhard Hofstra oer de situaasje yn Súdwest-Fryslân. "Maar dat is omdat je het in de omgeving ook meer ziet. Een heel specifieke oorzaak of specifieke plek met veel besmettingen om aan te pakken, zoals een bedrijf of een school, zien we niet."

Tal besmettings op 100.000 minsken yn in wike

Achtkarspelen 115
It Amelân 27
Dantumadiel 211
Eaststellingwerf 114
Flylân 0
De Fryske Marren 124
Harns 95
Hearrenfean 61
Ljouwert 74
Noardeast-Fryslân 229
Opsterlân 74
Skylge 41
Skiermûntseach 106
Smellingerlân 86
Súdwest-Fryslân 294
Tytsjerksteradiel 90
Waadhoeke 80
Weststellingwerf 104
De sifers yn de tabel binne fan 1 desimber oant en mei 7 desimber.
De GGD bepaalt net oft der aparte maatregels komme moatte yn bepaalde regio's, mar jout dêr wol advys oer. Mar foar Súdwest-Fryslân wit de GGD net wat goede maatregels wêze soene. "Winkelstraten sluiten zou niet echt bijdragen aan een daling, daarom adviseren we dat ook niet. Je wilt maatregelen nemen die de maatschappij niet onnodig belasten."

Regionale maatregels ha gefolgen foar oare regio's

Uteinlik kinne boargemasters beslute om dochs maatregels te nimmen. Hofstra: "Dat moet dan wel in overeenstemming zijn met de omgeving. Want als je in een bepaald gebied een maatregel treft, kan dat gevolgen hebben voor een naburige regio." Dat is ek ien fan de redenen wêrom't yn Nederlân hast gjin regionale maatregels jilde. De hoareka slute yn ien gebiet, kin as gefolch ha dat minsken nei restaurants en kroegen yn in njonkenlizzende provinsje geane.
De Wetterpoarte fan Snits mei links it Hoogend en rjochts it Zuidend © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Als ik kijk naar de cijfers van de afgelopen periode, kan ik me een versoepeling van de regels niet voorstellen.
GGD-dokter Everhard Hofstra
Hofstra ferwachtet ek net dat premier Rutte en minister De Jonge tiisdeitejûn guon maatregels skrasse. "Als ik kijk naar de cijfers van de afgelopen periode, kan ik me een versoepeling van de regels niet voorstellen. Die maatregelen zijn ook zo belangrijk."

Net allinnich gefolgen foar sûnens

Hofstra wiist op de algemien bekende maatregels: ôfstân hâlde, hannen waskje, thúsbliuwe en in mûlkapke opdwaan. "Ik hoor wel eens dat mensen zich afvragen waarvoor ze het doen. Maar ik wil hen vragen om goed naar je omgeving te kijken. Het gaat niet alleen om je eigen gezondheid, maar ook om de mensen om je heen."
En it giet fierder as sûnens, seit Hofstra. Want salang't de sifers net better wurde, bliuwe maatregels fan krêft. "Bedenk hoeveel jongeren nu geen bijbaan hebben doordat de horeca dicht is. Ook voor de studie heeft het gevolgen. Er is veel eenzaamheid. Heel veel mensen ervaren ook op die manier de impact van het virus."
Everhard Hofstra sit tiisdeitejûn oan tafel by in ekstra útstjoering fan Fryslân Hjoed om 19:00 oere. Omrop Fryslân stjoert dan de parsekonferinsje fan it kabinet oer de coronamaatregels út, mei oanslutend de reaksjes fan Hofstra en fan Sybrand Buma, foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân.
De ekstra útstjoering is te folgjen op Omrop Fryslân telefyzje, radio en op ús online-kanalen.
Ferslachjouwer Jantine Stoffers frege de ynwenners fan Makkum nei it coronafirus