Ynternasjonaal trochbrekke en dochs thús sitte: bysûnder jier foar Snitser DJ Puri

It wie in bysûnder jier foar de Snitser DJ Puri. Hy hie yn Yndia in megahit mei it nûmer Naagin, dat mear as in kwart miljard kear besjoen is op YouTube. Ek wurke er gear mei de grutte Amerikaanske artyst Jason Derulo, oan it nûmer Coño. Mar troch de coronakrisis kin er net maksimaal profitearje fan it sukses.
Puri
DJ Puri soe dizze simmer bygelyks optrede op it grutste dancefestival yn de wrâld, Tomorrowland, mar dat waard annulearre. Dochs bliuwt er posityf. "Ik had vooral heel veel hoogtepunten dit jaar. De remix van Coño met Jason Derulo, maar ook op het gebied van muzikale ontwikkeling. En familiebanden versterken door de coronacrisis. Ik ben dankbaar."

Cola

Op it stuit stoart hy him kompleet op it meitsjen fan nije muzyk en it promoatsjen dêrfan. Yn in studio yn Amsterdam wurdt de fideoklip opnaam foar it nije nûmer Cola, mei Papi Mikey Dinero en DJ Punish, in oare producer út Snits. "Toen ik net begon met draaien in Sneek, was hij ook degene die ervoor zorgde dat ik kansen kreeg. Nu zijn we samen de studio in gedoken en hebben we dit nummer gemaakt."

Kolombiaanske dûnseres

Op it nûmer stiet ek Valeria Sandoval, in Kolombiaanske dûnseres. It is foar it earst dat in dûnseres op dizze wize meiwurket oan in muzyknûmer. "Mijn muziek wordt veel opgepakt door dansers en danseressen wereldwijd. Laatst kwam een ander nummer van me ook voorbij in de modeshow Fenty x Savage van Rihanna. Daar hebben ze ook altijd een hele choreografie bij. Dus we dachten: 'Hoe vet zou het zijn om samen te werken met dansers?'"
No is de fraach wannear't Puri dit nûmer foar it earst heare litte kin by in show. Hjir yn Nederlân liket it der net op dat er gau wer in grut optreden jaan kin, mar op guon plakken yn it bûtenlân soe dat wol kinne.
"Ik kreeg toevallig gister bericht of ik misschien een maand naar Mauritius zou willen. Twee weken quarantaine en dan twee weken lang shows doen. Dat zou eind december zijn. Als ik zo naar buiten kijk, zou dat wel even lekker zijn! Even de zon pakken. Maar ik weet nog niet of ik het ga doen. Dan moet ik wel twee weken lang alleen in een hotelkamer zitten. Ik ga er nog even over nadenken."