Steatsboskbehear helpt natuer yn Rottige Meente: "Maatregelen echt noodzaak"

08 des 2020 - 11:46

Steatsboskbehear wol yn natuergebiet Rottige Meente by Nijetrine de natuer in hantsje helpe, ûnder oare om de wetterkwaliteit en de wettertafier te ferbetterjen. Dêrnjonken treft Steatsboskbehear maatregels om de histoaryske lisikkerstruktuer te beskermjen.

De Rottige Meente - Foto: Shutterstock.com / TVGD

De Rottige Meente is ûntstien troch turfwinning yn de njoggentjinde en tweintichste iuw. Dêrtroch hat it de karakteristike struktuer krigen mei petgatten en lisikkers. Gewoanwei ûntstiet yn dy petgatten nij fean: iepen wetter groeit ticht mei wetterplanten en feroaret úteinlik yn lân. Dy ûntwikkeling smyt faak in grut ferskaat fan planten en bisten op.

Lisikkers broazelje ôf

Yn de Rottige Meente stiet dy ûntwikkeling fan wetter nei lân lykwols ûnder druk, fertelt boskwachter Manon van Wesel. "Dat komt door afname van de waterkwaliteit en waterdoorzicht. Daarnaast zijn legakkers continu onderhevig aan wind en golfslag waardoor deze langzaam afbrokkelen. Beschermende herstelmaatregelen zijn echt noodzakelijk."

Dêrom komme der no maatregels oer in gebiet fan goed sechstich bunder. Yn desimber begjint Steatsboskbehear mei aktyf biologysk fiskstânbehear. Takom jier wurdt it gebiet fan greppels foarsjoen en begjint it plagjen en it beskermjen fan de lisikkers.

Minder fisken

It wetter yn de petgatten is no troebel troch algen en guon fisken. Dêrtroch is der no te min ljocht foar de wetterplanten. "Om het doorzicht van het water te verbeteren, starten we met het uitdunnen van de visstand", seit Van Wesel. "Na inventarisatie van vissoorten en aantallen worden in december en januari een aantal afvisacties uitgevoerd en overtollige vis verplaatst naar de Helomavaart."

Foar it wurk krijt Steatsboskbehear subsydzje út in Europeesk fûns foar plattelânsûntwikkeling.

(Advertinsje)
(Advertinsje)