Merk Fryslân makket Tjitske Reidinga ambassadeur foar Fryslân

08 des 2020 - 11:18

Merk Fryslân lansearret in nije kampanje om de provinsje oan te priizgjen as fakânsjebestimming. Yn de kampanje giet aktrise Tjitske Reidinga as 'ambassadeur fan Fryslân' op reis yn har berteprovinsje. De kampanje set op tiisdei útein en bestiet út fjouwer telefyzjespotsjes en posters troch hiel Nederlân.

Foto: Marco Bottenberg Videobrouwers

Reidinga waard berne yn Ljouwert en brocht in grut part fan har bernetiid troch by har Fryske beppe. "Hoe ouder ik word, hoe meer ik voel dat Friesland de plek is waar ik me het meest thuis voel", seit de aktrise. Dat Reidinga gjin Frysk praat, fynt se spitich, mar se ferstiet it wol goed.

Yn de kampanje lit Reidinga sjen wat Fryslân allegear te bieden hat op it mêd fan ûnder oare kultuer en natuer. Mei in oantal koarte sênes mei in knypeach toant de kampanje datst in wrâldreis ek tichtby hûs meitsje kinst. Sa waard ûnder oare draaid yn de stêden, yn natuergebieten en op it Waad.

Neffens Merk Fryslân tinke in soad minsken no nei oer de fakânsjes foar it kommende jier. Mei de kampanje wol it marketingburo sjen litte dat Fryslân dêr tige geskikt foar is.

Martin Cnossen fan Merk Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)