Plomfeebedriuw yn Sint-Anne romme fanwegen fûgelgryp

08 des 2020 - 10:45

It romjen fan it plomfeebedriuw yn Sint-Anne dêr't moandei fûgelgryp fêststeld waard, is yn folle gong. De deade piken wurde op it stuit mei in shovel út de stâl helle en yn in konteners smiten.

-

Moandei waard bekend dat der fûgelgryp fêststeld wie by it plomfeebedriuw yn Sint-Anne. Om fersprieding fan it firus foar te kommen, wurde alle 21.000 piken op it bedriuw tiisdei romme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)