Underwiisorganisaasje Cedin set ferneamde Friezen foar de klasse

Trettjin basisskoallen yn Fryslân krije dizze wike in gastles fan in ferneamde Fries. It giet om in projekt fan ûnderwiisorganisaasje Cedin. Mei de besite fan de ferneamde Friezen besiket Cedin it brûken fan de Fryske taal yn de klasse te stimulearjen.
© Cedin
Mei it projekt 'Ferneamde Fries' wol Cedin sjen litte dat it Frysk 'net allinnich de taal is fan pake en beppe'. "It is ek de taal fan 'e takomst, de taal fan mooglikheden en boppe-al de taal fan it hert", ljochtet de ûnderwiisorganisaasje ta.

Top fiif

Skoallen koene har tariede troch yn it Frysk oandacht te besteegjen oan de ferneamde Friezen dy't der binne en dêr in top fiif út te meitsjen.
Ferneamde Friezen dy't troch de bern útkeazen binne om in gastles oan harren skoalle te jaan binne topmodel Akke Marije Marinus, sjongers Syb van der Ploeg en Emiel Stoffers, sosjale-media-ikoanen 'De Fryske Flogger' en Jesse van Wieren en fuotbalfenomenen Henk de Jong en Foppe de Haan.
It projekt sette ôfrûne moandei útein mei in besite fan Stoffers op cbs De Wrâldpoarte yn Garyp. It Cedin hopet net allinnich de bern, mar ek learkrêften te ynspirearjen om mear omtinken te jaan oan it Frysk.