Voedselbank yn Ljouwert: "Voedselbank mei noch wat mear bekendheid krije"

08 des 2020 - 17:36

Voedselbanken yn ús provinsje ha it almar dreger om oan genôch en fariearre iten te kommen. Omrop Fryslân jout hjoed op radio, telefyzje en online de hiele dei omtinken oan de situaasje by de Voedselbanken. Folgje alles hjir.

Mear ynformaasje is te finen op www.voedselbankenfriesland.nl. Minsken dy't donearje wolle oan de voedselbanken kinne dat dwaan op rekken NL81 RABO 0109931122 op 'e namme fan Stichting RDC.

18:00
De ein fan dit liveblog | Fryske Voedselbanken kinne jo stipe brûke

By Omrop Fryslân wie tiisdei de hiele dei omtinken foar de Voedselbanken yn ús provinsje. Alles is werom te lêzen yn dizze liveblog.

Mear ynformaasje is te finen op www.voedselbankenfriesland.nl. Minsken dy't donearje wolle oan de voedselbanken kinne dat dwaan op rekken NL81 RABO 0109931122 op 'e namme fan Stichting RDC.

Voedselbanken yn Fryslân

17:26
Studinten oer it projekt by de supermerk yn Ljouwert

Ferslachjouwer Willem de Vries mei Kirsten en Twan

16:35
"Voedselbank mei noch wat mear bekendheid krije"

Roland Wijmenga fan Voedselbank Leeuwarden fertelt dat minsken by de supermerk yn Ljouwert iten ynleverje kinne. "It is in aksje fan studinten fan NHL Stenden. Der kin iten ynlevere wurden efter de kassa's. Wy hoopje dat in soad minsken ús stypje."

De Voedselbank mei neffens Wijmenga noch wol wat mear bekendheid krije. "Wy hawwe op dit stuit 450 adressen yn Ljouwert dêr't wy pakketten mei iten foar klearmeitsje. Wy bringe ek yn Stiens en Grou. Mar dochs tink ik dat it noch mar in tredde part is fan de minsken dy't de Voedselbank hjir yn de omkriten wol brûke kinne. Guon witte ús net te finen, somtiden spilet de skamte." De frijwilligers dogge wol harren bêst: "Wy besykje yn elts pakket minimaal 25 ferskate produkten te dwaan."

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei Roland Wijmenga fan Voedselbank Leeuwarden

16:15
Iten siede mei in pakket fan de voedselbank

Allard van der Haring is eigener, kok en gasthear fan Jonker Sikke yn Jellum. Hy makket fan in voedselpakket wat lekkers. "Der sit fan alles yn. Foar Fryslân sit der net in soad suvel by, mar foar de rest sit der in grut ferskaat oan produkten yn. Kinst der eins wol fiif, seis ferskillende gerjochten fan betinke."

Yn it pakket dêr't Van der Haring mei wurket, sit ek in ananas. "Eins moatst dêr eat mei dwaan sa't de ananas langer brûke kinst. As it yn sa'n pakket sit, dan sit er faak al tsjin de datum oan. Dan moatst em eins iepen meitsje, skile en yn plakken snije. Dan kinst al dy plakken mei wat bûter en sûker yn de pankoekspanne bakke. Dan kinst it wer yn de kuolkast sette, en eins oeral wol foar brûke. Foar op de pannekoeken, of yn de yochert."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman mei kok Allard van der Haring

As foarbyld fan in miel dat makke wurde kin fan it pakket, hat Van der Haring in ûnepantsje makke mei blomkoal, jirpels, gehak, makaroanykrûden en sipels. "Ik ha wol wat smokkele mei tsiis, ik hoopje dat de suvel-minsken mear suvel yn de pakketten dogge de kommende tiid."

Fan de oaljekoeke-mjuks dy't yn it pakket siet, hat de kok in soarte fan pankoeken makke. "Se binne wat grouwer, sa as Amerikaanske pancakes. Se binne wat fettich, mar foaral mei it kâlde waar kinne wy dat wol brûke." In pear tips hat Van der Haring noch wol foar de makkers fan de pakketten: "Ik wit net hoe't it giet yn de organisaasje, mar ik soe der in pear resepten oan taheakje. Wat mear útlizze watst derfan meitsje kinst, dan wurdt der miskien ek wat minder iten fuortsmiten."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Ferslachjouwer Johanna Brinkman yn de keuken

15:30
"It is in prachtich pakket, en je hoege je net te skamjen"

Tineke, in klant fan de voedselbank, seit dat de voedselbank tige wichtich foar har en har famylje is. "Wy hawwe sa'n fyftich euro yn de wike foar iten. Dat hâldt net oer." Ien kear yn de twa wiken kin sy in pakket by de voedselbank ophelje. "Oer it algemien binne dat in protte hâldbere produkten sa as makaroany of riis. Molke sit der ek wol ris yn. Oer it algemien is it hiel ferskillend, mar it is fansels ek mar krekt wat sy oanlevere krije."

"As je it op in gegeven momint echt sa min hawwe dat je eins neat oars mear hawwe, dan is it net sa dreech mear", fertelt Tineke. Sy seit dat se harsels der dan ek net foar skammet, mar dat har dochter it wol lestich fynt. "Dat snap ik ek wol. En ik tink, as je it altyd goed hân hawwe, en je moatte sa'n stap werom, dat dat it probleem is. As je altyd yn sa'n sitewaasje sitten hawwe, reagearje je dêr as bern ek wer oars op."

Net eltsenien yn har omjouwing wit dan ek dat Tineke nei de voedselbank ta giet. "Je rinne der net mei te keap. It is dochs lestich, mar wêrom wit ik eins net. It is in prachtich pakket, en je hoege je net te skamjen."

Tineke is net de echte namme.

Tineke makket gebrûk fan de voedselbank

14:50
Voedselbank Snits: "Wy krije no alle wiken ien of twa oanfragen derby"

Voedselbanken binne ôfhinklik fan frijwilligers. Sûnder har soenen de banken net bestean. Yn Snits kinne se rekenje op in grut tal frijwilligers: sa'n 70 minsken helpe dêr mei. Fenna de Haan fan Voedselbank Sneek: "Wy hawwe op it stuit 66 minsken dy't op freed in voedselpakket ophelje. Dat binne allinnichsteanden en âlden mei bern."

Yn Snits kinne se al in lytse groei fan it tal klanten merke, sa seit De Haan. "Wy krije no ek wer ien, twa oanfragen eltse wike derby, dus wy gean no wer wat omheech yn oantal."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Ferslachjouwer Johanna Brinkman by frijwilligers fan voedselbank Snits

13:15
Voedselbank Opsterland hat in digitale giftshop om te donearjen

Yn Opsterlân hat de voedselbank in ludike wize fan donaasjes binnenheljen betocht: in digitale giftshop dêr'tst griente en fruit keapje kinst foar klanten fan de voedselbank. Henk Marinus fan Voedselbank Opsterland: "Wy ha in gewoane digitale winkel makke dêr'tst guod betelje kinst, mar yn stee fan datst se thús krijst, komt it oan de voedselbank te'n goede."

"Wy as voedselbank besykje wy safolle mooglik te dwaan oan wat minsken nedich hawwe, wat it Voedingscentrum seit. Dat slagget net altyd, dus wy keapje noch wol ris farsk guod by." Op dize wize hellet de voedselbank it guod dat sy net mear fan de supermerken krije, dochs op. De webshop is fan 15 oktober ôf oan iepene, en se hawwe no al mear as tûzen euro ophelle.

Henk Marinus oer de webshop fan Voedselbank Opsterland

12:45
Bouboer Ane de Witte donearret oan de voedselbank: "Je moatte om je meiminsken tinke"

De voedselbanken krije iten fan supermerken en fabriken, mar ek fan oare produsinten. Lykas fan boer Ane de Witte fan Pitersbierrum. Hy is in bouboer en leveret fergees jirpels en sipels foar de voedselbank. "Doe't de voedselbank fan Harns sa'n 15 jier lyn oprjochte waard, seach ik in oprop foar produkten. Fia dy wei ha wy ús doe oanmeld."

Alle jierren leveret De Witte in kiste jirpels fan sa'n 1.300 kilo en in kiste sipels fan sa'n 1.000 kilo oan de voedselbank. Foar him is it lykas in kollekte by de doar. "Je binne net allinne op de wrâld, je moatte ek in bytsje om je meiminsken tinke dy't it net al te rom hawwe."

Bouboer Ane de Witte donearret oan de voedselbank

12:10
"Der is ûntwittendheid oer dat der ek noch mar voedselbanken bestean"

De voedselbank op De Jouwer wie tiisdei gast yn it radioprogramma Muzyk yn Bedriuw. Neffens Sytze Holtrop fan Voedselbank De Utjouwer leit de gemiddelde leeftiid fan de frijwilligers by de voedselbank goed boppe de fyftich. "De âlderein hat fansels mear tiid as de jongerein. Dy hawwe harren wurk, en de âlderen binne wat fleksibeler." Ek al binne jonge famyljes in part fan de klanten fan de voedselbank, Holtrop fertelt dat der in protte ûntwittendheid by de jongerein. "Der is ûntwittendheid oer dat der ek noch mar voedselbanken bestean."

Ien kear yn de fjirtjin dagen krijt De Utjouwer in levering fan it distribúsjesintrum yn Drachten, en se geane eltse wike by de winkels op De Jouwer en Sint-Nyk lâns om guod op te heljen. Neffens Holtrop kin op dy wize noch aardich wat guod ophelle wurde. "Wy binne yn elts gefal hartstikke bliid mei datjinge dat wy krije."

Sytze Holtrop, koördinator by voedselbank De Jouwer

11:30
'It is mar de fraach oft rike minsken wolle dat it better ferdield is'

Wat fine jo fan de voedselbank en hoe slim is it dat de voedselbank nedich is? Dat is de fraach dy't oan minsken steld waard.

"Ik kin net presys sizze wat de oplossing is, mar it soe moai wêze as alles wat mear ferdield wêze soe. Mar it is mar de fraach oft de minsken mei de measte rykdom dat ek wolle", is ien fan de reaksjes.

Wat sizze de minsken op strjitte oer de voedselbank?

10:50
Alles wurdt troch frijwilligers dien, 'it binne der sa'n 18.000.'

Wim Visser, de koördinator fan Voedselbanken Friesland, fertelt dat in diel fan al it guod yn it distribúsjesintrum besoarge wurdt, it oare diel wurdt troch de voedselbanken sels ophelle. Dat besoargjen, mar ek alle oare taken fan de voedselbanken yn Nederlân, wurdt troch frijwilligers dien. "Ook op het hoofdkantoor is helemaal niemand die betaald wordt. Uit mijn hoofd zijn dat 18.000 vrijwilligers."

Ek de sjauffeur is in frijwilliger: "Ik bin wat earder opholden mei wurkjen. Doe't ik op in bepaald momint myn rydbewiis ferlinge moast, ik ha ea myn frachtweinrydbewiis ek helle, tocht ik 'goh, kin ik dêr noch wat mei?' Doe ha ik om my hinne sjoen, en seach ik dat se by de voedselbank noch ien sochten. Dan dogge je ek noch wat foar de maatskippij."

Visser fertelt dat se yn Drachten stribje om de loads fan it distribúsjesintrum leech te krijen. "Het lijkt alsof er niet veel staat, maar er komen constant goederen binnen. Er staat nu ook weer een vrachtwagen voor de deur. Dat gaat constant de hele week door, er gaat veel uit maar er komt ook veel in."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Ferslachjouwer Johanna Brinkman by de Voedselbank

10:15
'De oanfier stiet fan meardere rjochtingen út ûnder druk'

It grutste probleem dêr't de Fryske voedselbanken op it stuit tsjinoan rinne, is dat der hieltyd minder oanfier fan supermerken is. Hans Morssink, de foarsitter fan it bestjoer fan Voedselbanken Friesland, fertelt dat dit komt om't de supermerken sels harren guod dat tsjin de datum oansit ferkeapet. Ek by it distribuusjesintrum yn Drachten kinne se dat fernimme.

"Wij hebben 18 voedselbanken in de provincie", fertelt Morssink. "Wij zorgen ervoor dat iedere dag producten vanuit Drachten vandaan weer naar de individuele voedselbanken gaan." Wat der by de voedselbank binnen komt, ferskilt alle dagen. "Dat hangt van de leverancier af. Zo krijgen we op woensdag altijd groente en fruit binnen vanuit de landelijke organisatie, dat is de laatste tijden ongelofelijk veel beter geworden. Daar is echt heel bewust op ingezet door de landelijke organisatie. Wij merken dat we nu heel veel meer groente en fruit krijgen."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Der komt dus mear griente en fruit binnen, mar neffens Morssink stiet de oanfier fan guod fanút ferskate rjochtingen faai. "Supermarkten zijn tegenwoordig bezig om heel veel zelf dingen die tegen de datum aan zitten goedkoper aan te bieden. Wij hebben daar last van gehad de afgelopen periode. Zowel in het distributiecentrum hier in Drachten, maar ook de individuele voedselbanken die bij hun supermarkten dingen ophalen. Dat zien wij het laatste jaar niet alleen hier in Fryslân, maar door heel Nederland heen."

De 35-prosint-koartingsticker fan de supermerken hat dus as gefolch dat der minder iten foar de voedselbanken oerbliuwt. Morssink hat der lykwols begrip foar. "Het is ook heel begrijpelijk, ook de supermarkten werken aan het tegengaan van voedselverspilling. Dat heeft wel als nadelig effect dat bij ons minder producten binnenkwamen."

'Yn Amsterdam rint it út de foegen'

Oant no ta hat de voedselbank noch gjin grutte groei yn it tal klanten sjoen mei de coronakrisis, mar Morssink ferwachtet wol dat dy noch komt. "Zeker door alles rondom de economische situatie, rondom de gevolgen van corona, hebben we de indruk dat het binnenkort meer gaat wezen wat we moeten verdelen. Hier in Fryslân zien wij die stijging momenteel nog niet. In Amsterdam loopt het momenteel de spuigaten uit, daar is echt enorm veel meer vraag gekomen in het laatste half jaar."

Op it stuit hawwe se noch hieltyd reedlike pakketten dy't se oanbiede kinne. "In december is er altijd wat meer aandacht voor de voedselbank. Er komen ook nog weer specifieke kerstpakketten hier binnen vanuit grote landelijke organisaties." Gewoanwei binne der ek by jiermarkten en skoallen aksjes om produkten te donearjen. "Wat we wel heel weinig krijgen, is vlees. Ik merk nu dat voedselbanken af en toe wat bijkopen, om ervoor te zorgen dat er toch een breed pakket richting de mensen gaat. We proberen een zo goed mogelijk en zo gezond mogelijk pakket samen te stellen waar mensen ook wat mee kunnen."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman by it distribúsjesintrum fan de Fryske Voedselbanken

10:10
Voedselbanken ha konstante soarch om genôch iten byinoar te krijen

Voedselbanken ha grutte problemen om alle klanten fan genôch en fariearre oanbod te foarsjen. It wurdt almar dreger om genôch iten byinoar te garjen foar de klanten. "Supermarkten willen minder voedsel verspillen en geven grote korting op producten die tegen de einddatum aan zitten", fertelt Hans Morssink, foarsitter fan Voedselbanken Friesland.

"Op zich prima van de supermarkten, maar voor de voedselbanken leidt dat tot heel veel minder aanbod", seit Morssink. Om it eigen oanbod oan te foljen, keapje guon Voedselbanken sels iten by, wylst dat net de bedoeling is.

10:00
Goeiemoarn

Voedselbanken yn ús provinsje ha it almar dreger om oan genôch en fariearre iten te kommen. Omrop Fryslân jout hjoed op radio, telefyzje en online de hiele dei omtinken oan de situaasje by de Voedselbanken. Folgje alles hjir.

(Advertinsje)
(Advertinsje)