Kollum: "It sil ús oan de derriêre oksidearje"

"Der sit feroaring yn 'e loft. Net dy fan it waar, mar dy fan wêr't Bob Dylan oer song yn de jierren 60. Hoewol dy song oer de oarloch yn Fjetnam, de boargerrjochten, it generaasjekonflikt en it wapen fan protest. De feroaring dy't ik bespeur is fan in oare oarder.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De toan fan Willem Schoorstra
Lykas dy fan de revolúsje fan it fleis. Want Singapore hat de Amerikaanske start-up Eat Just tastimming jûn om hinnefleis, dat yn it laboratoarium kweekt wurden is, oan 'e man te bringen. It is foar it earst dat in lân syn fiat jout op it ferkeapjen fan 'skjin fleis', dat net fan in bist ôfkomstich is. Dat fleis, kweekt út stamsellen, sil as 'kipnuggets' ferkocht wurde. Boppedat hat Singapore al in opsje op hamburgers nommen. As dy ûntjouwing trochset, hoech ik jim net foar te kôgjen wat dat op termyn foar de fleishannel wrâldwiid betsjutte sil.
Noch sa'n ûnbidige feroaring is de switch fan auto's op fossile brânstof nei it riden op elektrisiteit. Grutte automerken begjinne der no sels foar te pleitsjen om it riden op benzine en disel sa fluch mooglik ôf te skaffen. Sterker: Boris Johnson, dy fan it syndroom fan Downingstreet nûmer 10, wol dat yn 2030 allinne noch mar elektryske auto's yn syn Feriene Keninkryk om ride. Absolutely spiffing, old chap! Fansels ûndergean wy tsjinwurdich ek de feroaring fan it thúswurkjen. Miskien net sa massaal as op it hichtepunt fan de pandemy, mar likegoed bliuwend. Dizze saken binne inkeld in lytse seleksje.
It punt is dat wy in gigantyske omkear meimeitsje, yn in tempo dat heger leit as op watfoar momint yn de skiednis fan de minskheid ek mar. Toch, krekt sa't in fisk yn it wetter net wit dat er wiet is, stelle wy de snelheid fan al dy útdagings, ferskowings en mutaasjes dy't ús oerkomme, net altyd op priis. Dat komt omdat jo en ik it gefoel ha dat wy it einresultaat fan de skiednis binne, datjinge wêr't alle metamorfoazen troch de iuwen hinne op útrinne. Sadwaande laitsje wy ek om âlde bylden fan minsken dy't foar it earst in trein of in auto sjogge, fan it kommentaar op strjitte by de yntroduksje fan de mobile telefoan of de bylden fan minsken dy't freegje wat yn de goedichheid it ynternet wol net wêze mei.
Dy minsken binne wy. De snelheid fan fûnemintele feroaring is sa heech, dat wy gjin idee ha wêr't wy hinne gean, wat wy wêze sille as wy dêr oankomme en sels gjin tiid ha om ús dêroer te fernuverjen. In gerêststelling: der is ien ding dat net feroaret. Dat is dat Friezen de gelokkichste minsken fan Nederlân binne. Alle jierren wer. Wy fiele ús feiliger, binne sûner, genietsje fan de sosjale gearhing, en it feit dat wy minder fertsjinje sil ús oan de derriêre oksidearje. Mei oare wurden: Fryslân is in beaken fan wolwêzen en stabiliteit yn in wrâld dy't op 'e kop stiet. Lit dy omkear mar barre."