Bitgumer kweker moat houtsintrale stillizze fan provinsje

08 des 2020 - 08:15

Doe't paprikakweker Jaap Vink fan Bitgum trettjin jier lyn in houtsintrale boude dy't syn kas fossylfrij ferwaarmet, wie hy in pionier dêr't de provinsje Fryslân grutsk nei seach. Dat bleau jierren it gefal, oant ferline jier. Doe seach miljeuorganisaasje Mobilisation for the Environment (MOB) dat de stikstofútstjit te heech is neffens de hjoeddeiske regels. Eartiids wie dat noch gjin probleem, mar no wol, sjocht ek de provinsje yn. Dus moat de houtsintrale uterlik freed stillein wurde.

Kassen - Foto: Shutterstock.com

It sentimint oer Vink syn saneamde biomassa-ynstallaasje is dus flink omslein. Vink is dêr bot fan skrokken. "Dit heb ik niet aan zien komen", fertelt er. "Ik heb altijd alle lof gekregen voor het pionieren, dat we op duurzame manier ons bedrijf verwarmden. Allerlei politici zijn langs geweest, maar nu word ik gestraft omdat ik een biomassa-centrale heb en niet op gas stook."

De waarmte op Vink syn bedriuw wurdt opwekt troch it ferbaarnen fan houtsnippers yn in waarmtepompynstallaasje. Mei de waarmte dy't frijkomt, wurde de kassen op temperatuer brocht. Neffens Vink komt syn produksje ta stilstân as dy ynstallaasje út moat.

MOB

Miljeuorganisaasje MOB út Nijmegen tsjinne hanthavingsfersiken yn tsjin sa'n hûndert biomassasintrales yn Nederlân, wêrûnder dy yn Bitgum. Neffens MOB stjit Vink syn bedriuw stikstof út op de omlizzende natuer. De provinsje gie dêryn mei en seit no dat Vink syn kassen ferwaarmje moat op in wize wêrby't der gjin stikstof frijkomt. Mar neffens Vink is dy wize der net: "Als ik de houtcentrale uitzet en ik zet de gasketel aan, dan heb ik ook gewoon stikstofdepositie. Dat lost niks op."

Ien fan de mooglike oplossings is ekstern saldearje: it opkeapjen fan de stikstofrjochten fan in oar bedriuw. "Dat zou een mogelijkheid zijn, maar dat staat de provincie nog steeds niet toe."

"De provincie werkt niet mee"

It wrangst fynt Vink dat der yn al dy jierren gjinien krityk utere hat op syn biomassa-ynstallaasje. "Er was nooit iemand die vroeg of ik een Wnb-vergunning (Wet natuurbeschermings-vergunning, red.) had. Omdat ik op biomassa stook, word ik geacht die te hebben."

Vink hat besocht dy fergunning oan te freegjen, mar de provinsje ferklearret dy neffens de kweker eltse kear wer ûnûntfanklik. "Bij collega's in andere provincies wordt er veel meer meegewerkt en wordt er naar oplossingen gezocht. Fryslân is daarin wel het slechtst. De provincie werkt niet mee."

De sintrale folslein stillizze, is neffens Vink gjin opsje. "Paprika's zijn een subtropisch gewas, dus ik moet het bedrijf gewoon verwarmen. Als de centrale uitgaat, gaat de tent failliet."

'Stikstofromte beheind'

Deputearre Douwe Hoogland hat yn novimber del west op Vink syn bedriuw. "Doe hawwe we in goed petear hân om te sjen hoe't we in oplossing fine kinne. Dat de provinsje net meiwurkje wol, giet my in stapke te fier. Mar dat it in komplekse saak is, is wis", seit Hoogland. It ekstern saldearjen, is neffens de deputearre ek noch gjin opsje. "Dat kin allinnich fan bedriuwen dy't romte oer hawwe, mar de romte yn stikstof is beheind."

Hoogland: "Wy besykje mei te tinken oer wat de oplossing wêze kin, mar wy wolle ek net dat we wat dogge dat letter wer troch de rjochter weromdraaid wurdt. Dêr hawwe we neat oan", leit de deputearre út. "We moatte no yn ien kear in situaasje kreëarje dy't yn ien kear by de rjochter goedkard wurdt. Juridysk moat it gewoan klopje en dat is ús taak as provinsje. Dat wolle we graach mei Vink dwaan."

In oplossing moat der yn alle gefallen gau komme. De provinsje hat Vink en in oare houtsnippersintrale yn Bitgummole in falbile steld: op 11 desimber moat harren stikstofútsjit wer binnen de noarmen falle of de ynstallaasje stillein wêze. Oars driigje jildboetes.

Kweker Jaap Vink en deputearre Douwe Hoogland

(Advertinsje)
(Advertinsje)