Yn Fryslân is it oandiel minsken dat wurket it hurdst ôfnaam yn de ôfrûne tiid

08 des 2020 - 07:43

Binnen Nederlân is yn de provinsje Fryslân it oandiel minsken dat wurket yn it tredde fearnsjier fan 2020 it hurdst ôfnaam yn ferliking mei in jier earder. De arbeidspartisipaasje naam mei 1,2 persintpunt ôf, dat wie ek yn Drinte it gefal.

Foto: Shutterstock.com (Andrey_Popov)

Al wurkje der yn Fryslân dit jier 5.000 minder minsken as foarich jier, dochs wurdt yn ús provinsje it minst gebrûk makke fan finansjele regelingen yn de coronatiid. Mar sa'n 40 persint fan de Fryske ûndernimmers brûkte in stipemaatregel. Dit docht bliken út de nijste sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek.

Ferskate oarsaken

Dat der safolle minder minsken wurkje, kin ferskate oarsaken ha, leit ekonoom Peter Hein van Mulligen fan it CBS út. "Dat kan zijn omdat mensen met pensioen zijn gegaan, maar ook mensen die hun baan zijn kwijtgeraakt. Je ziet dat overal in Nederland het aantal werkenden terugneemt, dus voor een deel zal het zeker zijn om mensen die hun baan zijn kwijtgeraakt en niet alleen vergrijzing."

Yn alle provinsjes naam de wurkleazens ta en kromp de ekonomy. Dat der minder groei wie fan de ekonomy hat der ek mei te krijen dat der minder gaswinning is, al is it effekt yn Fryslân minder grut as yn Grinslân. Der binne wol ferskillen binnen provinsjes, sa nimt de ekonomyske groei yn Súdeast-Fryslân rapper ôf as yn Noard-Fryslân.

It baneferlies is it grutst by de jongere generaasjes, seit Van Mulligen. "Die heb je in Fryslân natuurlijk ook, maar wel relatief minder dan in andere provincies."

Lanlik naam de netto arbeidspartisipaasje (de wurksume beropsbefolking as persintaazje fan de befolking) ôf fan 69,0 yn 2019 nei 68,2 yn 2020. Provinsjes as Seelân en Grinslân hiene de minste delgong yn de arbeidspartisipaasje, Fryslân en Drinte de measte.

Noard-Hollân makke it measte gebrûk fan oerheidsstipe, Fryslân en Drinte it minste.

Fergrizing bliuwt

Dat it tal wurkjenden werom rint, hat fansels ek te krijen mei de coronakrisis. Van Mulligen is wol optimistysk oer de takomst: "Als er straks een vaccin is, is het heel goed mogelijk dat er veel banen weer bijkomen." Dochs kin dan noch altyd it tal wurkjenden werom rinne: "De vergrijzing duurt nog wel een paar decennia, dus dan verlaten nog steeds mensen de arbeidsmarkt."

Ekonoom Peter Hein van Mulligen fan it CBS oer de sifers

(Advertinsje)
(Advertinsje)