Voedselbanken ha konstante soarch om genôch iten byinoar te krijen

Voedselbanken ha grutte problemen om alle klanten fan genôch en fariearre oanbod te foarsjen. It wurdt almar dreger om genôch iten byinoar te garjen foar de klanten. "Supermarkten willen minder voedsel verspillen en geven grote korting op producten die tegen de einddatum aan zitten", fertelt Hans Morssink, foarsitter fan Voedselbanken Friesland.
Voedselbanken yn Fryslân
"Op zich prima van de supermarkten, maar voor de voedselbanken leidt dat tot heel veel minder aanbod", seit Morssink. Om it eigen oanbod oan te foljen, keapje guon Voedselbanken sels iten by, wylst dat net de bedoeling is.
In Voedselbank draait folslein op frijwilligers en makket itenspakketten fan donearre iten. Dat is in basispakket mei lang hâldber iten lykas pasta of rys, oanfolle mei farske griente.
It iten fan supermerken en fabriken komt binnen yn it distribúsjesintrum yn Drachten. Frijwilligers ferpartsje de oanfier oer de ferskate Voedselbanken yn de provinsje.

1.700 Friezen krije itenspakket

De earste Voedselbank fan Fryslân waard yn 2005 iepene. No, 15 jier letter, binne der 18 voedselbanken yn de provinsje. Sa'n 1700 Friezen krije alle wiken in fergees itenspakket, omdat se rûnkomme moatte fan te min jild of omdat se yn de skuldsanearring sitte.
Dat is neffens Roland Wijmenga fan de Voedselbank yn Ljouwert noch mar it topke fan de iisberch. Skat wurdt dat ûngefear in tredde fan de klanten dy't der rjocht op hat, iten krijt fan de Voedselbank. Dat betsjut dat twa op de trije minsken dy't ekstra help brûke kinne, dat net krije. Somtiden is dat omdat minsken net witte dat se yn oanmerking komme, mar faker skamje minsken har te bot.

Coronaklap moat noch komme

De coronakrisis hat der foarearst net foar soarge dat der ynienen folle mear minsken nei de Voedselbank komme, mar der wurdt rekken mei holden dat de klap noch komt. En as de coronamaatregels noch lang oanhâlde, ha mear minsken in oanfoljend itenspakket fan de Voedselbank nedich.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Omrop Fryslân jout hjoed de hiele dei omtinken oan de Voedselbanken yn Fryslân. Dat dogge we yn alle radioprogramma's, op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en jûn op telefyzje by Fryslân Hjoed.
Mear ynformaasje is te finen op www.voedselbankenfriesland.nl. Minsken dy't donearje wolle oan de voedselbanken kinne dat dwaan op rekken NL81 RABO 0109931122 op 'e namme fan Stichting RDC.